- 29 - 30. Utstel om in ekstra kredyt beskikber te stellen foar it ferfangen fan it liedingnet fan de sintrale ferwaarmingsynstallaasje yn'e eardere beukerskoalle It Beurkerhof' yn Akkrum. De hear Damsma freget oft der tenei by útfiering fan soksoarte wurk ek omtinken jûn wurde kin oan bedriuwen yn de gemeente. De foarsitter andert dat der oan tocht wurde sil. Yn dit gefal hie de skoalle in ûnderhâldskontrakt mei dit bedriuw. Yn oare gefallen sille de bedriuwen út de gemeente fansels ek frege wurde Sünder neier petear en sunder stik foar stik te stimmen wurdt der neffens it útstel besletten. 31. Utstel fan nammejouwing oan'e iepenbiere basisskoalle yn Jirnsum. Sünder petear en sünder persoanlike stimming wurdt der neffens it utstel besletten. 32. Utstel om in ekstra kredyt beskikber te stellen foar it oanbringen fan ûnderskate boukundige foarsjennings yn it gymnastyklokaal yn Raard. Lyk as earder neamd. 33. Utstel om in ekstra kredyt beskikber te stellen foar in skoaldekaan- keamer en kompjûter-opberchromte yn'e Mafu-skoalle yn Grou. Lykas earder neamd. 34. Voorstel tot afwijzing van het verzoek tot wijziging van de gemeen schappelijke regeling Avondscholengemeenschap Zuidoost Friesland. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 35. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een subsidie in de restau ratiekosten van het orgel in de voormalige Hervormde Kerk te Warga. Alsvoren. 36. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor de aanleg van een recreatievoorziening. Alsvoren. 37. Voorstel tot vaststelling van diverse belastingtarieven voor 1986. Mefrou Bloem seit dat har fraksje grutte muoite hat mei dit útstel. Har partij hat him der altyd sterk foar makke om de Qnreplikguod belesting en de reinigingsr jochten net te ferheegjen. Dat is kaam út de fyzje om de keapkrêft fan de minsken net noch mear oan te taasten. Fierder wiene der troch de weryndieling al de nedige feroarings oanbrocht yn de tariven. Sprekster fynt it spitich dat hja konstatearje moat dat de keapkrêft fan benammen de leechst betellen der net op foarút giet. Troch in ferleging fan de útkearing út it gemeentefuns en troch de situaasje by it grûnbedriuw liket it der op dat de gemeente mei in tekoart fan 1 miljoen op de begrutting sitten bliuwe sil. Dêrom it útstel om de belestingtariven mei 5% te ferheegjen. Der binne fierder yn it útstel gjin sifers neamd. Har fraksje kin allinnich op formele grûnen akkoart

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 33