- 31 - Mevrouw Aukes vraagt of het college naar andere mogelijkheden kan zoeken. Kan dat niet, dan blijft haar fractie tegen dit voorstel. De hear Damsma seit dat der by it gasbedriuw in oerskot wie en dat út de rekkens fan de âlde gemeenten ek in oerskot fan ungefear in miljoen oerbleaun is. Moat hy út alle gegevens dan dochs konkludearje dat it grûnbedriuw der sa min foarstiet dat de oplossing socht wurde moat yn in ferheging fan de belestingtariven? Mefrou Bloem seit dat der net earder in definityf beslút nommen wurde moat as dat alle sifers bekend binne. Op dit stuit kin der dus ek neat definityfs oer sein wurde. Har fraksje hat ek muoite mei dizze ferheging. Hja woene ek leaver op it stuit dat de begrutting der leit oer de mooglik- heden prateLykwols moat men de kop net yn11 sân stekkeAs men wol dat de nije tariven op 1 jannewaris yngeane, sadat men der yn '86 fuort wat oan hat, moat men no in prinsipe-beslút nimme. By de behanneling fan de begrutting komt har fraksje hjir wol op werom. De hear De Wolf is fan miening dat it kolleezje benefter bleaun is troch net op tiid mei in begrutting foar 1986 te kommen. Om dan op grûn fan dizze gevens sa'n beslút te nimmen, dat noasket sprekker net. Yn in tiid dat it al nuodlik waard, is dochs noch ta grutte útjeften besluten bgl. it projekt Dearsum. Hy wol dan ek seis net yn prinsipe der ta beslute om de belestingen mei sa'n persintaazje te ferheegjen. Wethouder Poppen zegt dat door de commissie 'A. en A. bezuinigingsmoge lijkheden tot ongeveer 6,5 ton zijn aangegeven. De commissie heeft daar wel bij vermeld dat het niet mogelijk is dat die bezuinigingen allemaal van de ene op de andere dag doorgevoerd kunnen woren. Als het dan gaat om een geschat tekort van 1 miljoen dan is wel duidelijk dat niet alleen door de suggesties van de commissie 'A. en A. het tekort weggewerkt kan worden. Verder staat het grondbedrijf er zeer slecht voor B.v. in Akkrum is een industrieterrein, waar op grond van boekhoudkundige gegevens een prijs van 60,= per m2 gevraagd zou moeten worden. Op dit moment is nog niet duidelijk wat hier precies aan gedaan kan worden. Er zal bij het opstellen van de begroting geprobeerd worden om niet alle be lastingtarieven met 5% te verhogen. De foarsitter docht mei klam in berop op de ried om it kolleezje de romte te jaan, sadat der it folgjende jier yn elts gefal oan alle fer- plichtings foldien wurdekin. De leden dy't hjir tsjin binne om't alle gegevens net bekend binne, hawwe wol gelyk, mar it is it kolleezje spitigernôch net slagge om it earder klear te krijen. Wat it kolleezje oan't no ta fan de sifers sjoen hat, soe it wolris tige nedich wêze kinne om dizze romte te hawwen en dêrom freget sprekker de riedsleden ek mei klam om dizze romte te jaan. De foarsitter underbrekt op fersyk fan de hear De Wolf om 23.20 oer de gearkomste De foarsitter iepent om 23.25 oere de gearkomste ope nij en jout it wurd oan de hear De Wolf. De hear De Wolf fynt dit in grut probleem. It liket him net ferantwurde om sjoen de situaasje te sizzen dat der alhiel neat dien wurde hoecht. Oan de oare kant fynt hy it wol nuver dat der net mear gegevens beskikber binne om in beslút oer sa'n wichtige saak te nimmen. Der binne gelokkich saken dêr't men as it nedich is op werom komme kin. Sprekker seit dêrom dat hy mei dit prinsipe-beslút net mei gean kin.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 35