-2- It liket ús it beste ta, dat foar de Master Wielsmaskoalle 65 nije sets oantúgd wurde. Dêrtroch komme dan 42 taffeltsjes en 39 stuoltsjes frijdy't oer de oare skoallen ferdield wurde kinne. It minne meubilêr kin offierdwurde. De mooglikheid is oanwêzich, dat fia de service- of dieling fan Marko B.V. yn gearwurking mei de gemeenteferver de ridlike sets opkalefatere wurde. Op sa'n foet binne dy meubels wer in oantal jierren brûkber. It meubilêr yn'e bysûndere basisskoal len yn Warten en Aldeboarn kinne ynearsten hanthavene wurde. Oangeande de nije sets, ha wy fan trije leveransiers fan learlingesets Qnderskate typen ûndersocht. In oersjoch fan dy typen lizze foar jimme by de riedsstikken op besjen. Wy hawwe benammen achtslein op priis, kwaliteit en de service, dy't nei de tiid ferliend wurdt. Us konklúzje is, dat de twa beste typen learlingesets fan Marko B.V. binne. De foardielen fan dy meubels binne: in goede kwaliteit, de kostpriis 155,it stik) leit tichteby de Londo-Noarm 158,25) en men hat in goede service-ôfdieling. De modellen fan Marko B.V., dy't yn'e beneaming komme, binne typen 12A en 12B. Wy merke yn dit ferbân noch op, dat de ôfskriuwingstermyn foar de taffeltsjes en stuoltsjes no 20 jier is en dat foar it Qnderhâld in fergoeding troch it ryk jûn wurdt. Op'en doer sille de bysûndere basisskoallen út'e jierlikse ûnderhâlds- fergoeding fan it ryk op dit mêd seis nije meubels betelje moatte. Gearfetsjend stelle wy jimme út in ekstra kredyt fan 10.075, (65 x 155, beskikber te stellen foar it oantúgjen fan 65 nije learlingesets neffens typen 12A en 12B fan Marko B.V. foar de Master Wielsmaskoalle te Grou en dêrta in beslút te nimmen, wêrfan it ûntwerp foar jimme by de riedsstikken op besjen leit. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 68