- 2 - De hear Terra seit dat der yn de krante stien hat dat men dêr seis yn tri je talen troud wurde kin. Hy fernuveret him der dan ek oer dat men dizze moasje net leze kinne soe. De hear Van der Baan fielt der net folie foar om in oersetting ta te stjoeren. Dy gemeente bestiet foar 30% út Stellingwerfs, 30% Frysk en 30% Nederlânsk, dat sa'n gemeentebestjoer moat dochs ek mei syn ynwenners kommunisearje kinne? De foarsitter seit dat de oersetting noch net ferstjoerd is, mar dat dat noch wol barre sil. Om't der foar dizze gemeente noch in taalbelieds- plan fêststeld wurde moat fynt it kolleezje it net terjochte om no immen dy't om in oersetting yn it Hollânsk freget dat te wegerjen. Dit sil sa ûtfierd wurde, mei de oantekening dat de fraksje fan de F.N.P. tsjin it ferstjoeren fan in oersetting oan Eaststellingwerf is. 3. Mededelingen. Punt 1De hear Bethlehem is bliid mei dizze oplossing foar Raard. Hy freget him noch al óf oft dit dan foar 5 jier jildt. De foarsitter kin net sizze oft dit foar 5 jier jildt om't dat wol in hiel lang tiidrek is. It hâldt wol yn dat hjir net op koarte termyn op werom kommen wurde hoecht. Punt 9: De hear Damsma jout oan dat Schoustra sûnder w skreaun wurde moat. Punt 12: Mefrou S. Zijlstra is bliid mei de ferdúdliking, mar de nammen hiene der net by hoegd. Dy kinne in folg jende kear wol benefter bliuwe. De foarsitter anderet dat it yndied better is dat dat net bart. Dêr sil omtinken oan jûn wurde. Punt 13: Mefrou Aukes freget har of oft it kolleezje dit seis betelle hat. Is dat net sa, dan hat hja wol muoite mei dit subsydzje. Der leine hielendal gjin stikken sa as in begrutting op besjen foar dizze oanfraach, wylst it kolleezje yn oare gefallen wol perfoarst in begrutting sjen wol. De hear Van der Baan is fan betinken dat it kolleezje wol in algemiene rjochtline hantearje sil foar it takennen fan subsydzjes en dy soe hy graach witte wolle. Fierder freget hy him of wat de dekking foar dizze post is. It hie folie better west dat dit as apart punt oan de oarder west hie dan hie de ried hjiroer in beslút nimme kind. De hear Stallinga is it mei de foarige sprekkers iens dat hjir oerlis oer wêze moatten hie De hear Van den Berg tinkt dat dit subsydzje takend is op grûn fan de nota Frede en Feiligens dy't troch dizze ried oannommen is. Dêr stiet ek yn dat op dit soarte oanfragen subsydzjes takend wurde sille. De foarsitter seit dat it kolleezje dit net seis betelle hat. Fierder hie it yndied better west dat dit in apart útstel west hie. Net alles lit him yn algemiene rjochtlinen fêst lizze. It kolleezje wie fan betinken dat it yn de tinkwize fan de mearderheid fan de ried hannele as hjir in bydrage jûn waard. Dy bydrage is net in totaalsubsydzjemar sa'n 50% fan de kosten. De dekking fan dat bedrach komt út de post 'Qnfoarsjoen

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 6