- 4 - Wethouder Poppen hoopt ook dat de beraadslagingen iets op zullen leveren en dat de moties daar een goede ondersteuning bij kunnen zijn. De hear De Wolf seit dat it wolris dreech. wurdekin om hjir resultaten oer te beheljen. Dêrom moat men noch net fuort de moedfearren hingje litte. Foar it ôfjaan fan konsesjes kriget it ryk konsesjejilden. Miskien kin de gemeente oanspraak meitsje op in part fan dy jilden. Dat soe ek noch besjoen wurde kinne. De hear Van der Baan is bliid dat de F.N.P. yn dizze saak stipe kriget fan de V.V.D. De rykdommen wurde ús hjir Qnder de fuotten wei helle en it wurdt heech tiid dat der ek werris wat foar werom komt. Wethouder Poppen is wel blij met de suggestie van de heer De Wolf. Het college laat de moed niet zo gauw zakken. Alle mogelijkheden die er zijn zullen onderzocht worden. Het is verder een hele reële vraag, die de gemeente in de motie gesteld heeft. Hierna worden de mededelingen voor kennisgeving aangenomen. 4. Utstel oangeande it ynfieren fan Fryske doarps- en strjitnammen. De hear Van den Berg seit dat it grutste part fan de befolking de doarps- nammen yn it Frysk brukt. Nei de weryndieling is keazen foar in Fryske gemeentenammeYn de ferkiezingsprogramma's fan de partijen stiet ek oanjûn dat it brüken fan it Frysk befoardere wurde moat. De folgjende stap is dan ek it Frysk meitsjen fan de plaknammen. Troch de ferkiezings hat de befolking dat ek oanjûn. Sprekker is dêrom net foar in referindum. Dat it kolleezje syn twifels hat kin hy him wol yntinke sjoen de reaksjes dy't binnen kaam binne fan de ferienings fan pleatslik belang en guon bedriuwenDat de gemeente de kosten dy11 troch de PTTmakke wurde moatte by feroaring fan de nammen betelje moat, wiist sprekker of. Hy tsjinnet it folgjende útstel yn: "De ried beslút: - de doarpsnammen yn Boarnsterhim allinnich yn it Frysk fêst te stellen; fersiket it kolleezje fan B. en W. - op koarte termyn in plan fan ynfiering foar te lizzen oan de gemeente- ried dêr't yn oanjûn wurdt: de offisjele fêststelling fan de doarpsnammen; x it dêrop oanslutend ferfangen fan de doarpsnammebuorden; m de foarljochting oan partikulieren en bedriuwen; 3E de feroarings yn de offisjele registraasjes fan oerheid en semi- oerheid; x oare saken dy't foar de útfiering fan dit beslút fan belang binne." De hear Van der Baan seit dat hy yn in stik yn Frysk en Fri jdat oerset is út de 'Volkskrant' ferkeard sitearre is. Hy soe sein hawwe dat boargemaster Holtrop ûnder druk set is troch Den Haach. Dêr hat hy de bewizen net foar en hy wol dat dan ek rjochtsette. Hjirnei seit hy it folgjende: "Doe't wy it útstel dat hjir jun foar ús leit foar it earst seagen wiene wy ferbjustere. It konsept-útstel wie ommers yn 'e le ôfdieling behannele en ôfwiisd. De ôfdieling wie ienriedich yn it ôfwizen fan in referindum. En dan komt sa'n skriuwen op jin ta. It útstel dat hjir leit is noch helte negativer as it konsept. Inkelde sitaten: de befolking: ^hat dy hjir wol ferlet fan en binne dy harren bewust fan de neidielen;* ^wy soene de nammen net feroarje wolle om it Frysk en de Fryske kultuer te stypjen*ensfh. En dêr komme hja no noch mei. Oant fjouwer kear ta hat it kolleezje en de ried it beliedsfoarnimmen

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 8