- 5 - bekend makke om de plaknammen offisjeel yn it Frysk fêst te stellen en dan ynienen dit. Oer bestjoerskrêft sprutsen. Omdat it beliedsfoarnimmen al sa faak nei buten brocht is, kin in refe- rindum folslein net mear tapast wurde. Dat hie dan fan te foaren moatten. Mar ek dat soene wy net wolle. In referindum skoot de ried oan'e kant. It jout oan dat wy as fertsjintwurdigers fan it folk sols seis net ferantwurde útmeitsje kinne. No, dat kinne wy wo en dat wolle wy ek. Dêrom fine jim de ried foar jim oer. Boppedat is it referindum in polityk middel sönder wetlike basis. En dan: wêrom moat foar dizze saak wol in referindum hâlden wurde? Omdat it mei it Frysk te meitsjen hat? Us yndruk is dat it kolleezje dúdlik op dy wize de nammejouwing keare woe. In snoad plan, dat lykwols nei alle kanten beskamsum is. Beskamsum fanwege de earder neamde feiten, mar ek beskamsum om't it kolleezje de histoaryske feiten net ken, kenne wol of gjin acht slacht. Nearne is sa de befolking frege oer nammeferoaringen. Nearne yn 'e wrâld en ek yn Fryslân net. As nammen feroare waarden yn Fryslan dan koe de oerheid har gong gean. Mar no, no't wy de ferstúthaspele nammen fan ús doarpen wer Frysk meitsje wolle, dan moat der in referindum komme. It kolleezje hat it net oan doard of net oan kinnen de nammejouwing yn it goede ramt te pleatsen, mar dat sil al moatte. Wy sille oan de Friezen weromjaan moatte wat fan harren is. As wy hjir jün kedieze oer de plaknammejouwing, sille wy soks dwaan moatte yn in breder ramt. De nammejouwing kin net los sjoen wurde fan it befoar- derjen en yn stân hâlden fan de Fryske taal. Al earder is de stelling nei foaren brocht, dat it fuortbestean fan it Fryske folk keppele is oan it fuortbestean fan de Fryske taal. As de taal ferdwynt, ferdwynt ek it Fryske folk. De stelling leit sa foar de hân en is sa logysk, dat gjin minske dy üntstride sil. Mei dy konstatearring op himsels binne wy der lykwols net. De fraach is, hoe't wy hjir yn Fryslan, de del- en ûndergong fan ús folk keare kinne. It léste ûndersyk - publisearre yn 'Taal yn Fryslan - wiist net al te best. It optimisme is yn dat rapport fier te sykjen. De oarsaken binne bekend. Yn de Fryske húshâldings en ek op oare terreinen fan it maatskiplik libben wurdt it Frysk minder of net brukt en dat hat politike oarsaken. In oerheid, dy't noed stean moat foar de taal en kultuer fan syn bewenners, sil dêrom datjinge dwaan moatte om dy delgong te kearen. Dat is syn/har ferantwurdlikens. Wy witte dat net allinne de oerheid, mar ek de befolking seis wach wêze moat. Dêrfandinne is it fan grut belang dat wy net allinne fan de oerheid, mar ek fan de memmen en heiten yn de húshâldings en alle oare opfieders freegje moatte posityf tsjinoer it Frysk te stean d.w.s. it Frysk te brûken. Dogge wy dat net, dan bringe wy ússels om. Alle Fryske âlden dy't miene dat se harren bern de eigen taal ûnthâlde kinne, wurkje mei oan de delgong en teloargong fan it Fryske folk. Dat soks ek opfiedkundich in minne saak is - der ûntstiet in emosjonele en kulturiele brek - is in kweade bykommende faktor. Op dit stuit wurde de lytse folken, de taalminderheden, harren bewust fan it gefaar dat harren bedriget. Oeral yn'e wrâld -en yn Europa yn it bysûnder - nimme oerheden maatregels of hawwe dy al nommen om dizze minderheden yn harren fuortbestean te beskermjen. Dat talen en kultueren yn ien steat tige goed njonken elkoar bestean kinne bewiist Switserlân al ieuwenlang. Yn Fryslan moatte wy ek maatregels nimme, dy't rjochte binne op it fuort bestean fan de taal en kultuer. Yn dat ramt past de nammeferoaring. Al earder is sein dat de nammeferoaring in statusferheging fan it Frysk ynhâldt troch útwreiding fan e taalmacht fan it Frysk troch it brüken yn offisjele domeinen. It Frysk is nei de Midsieuwen as bestjoerstaal ferkrongen troch it Hollânsk en jierrenlang beskôge as twadderangs. De betsjutting fan de taal en histoarje is sunt 1500, mar benammen nei it sintralisme sûnt 1800, ferlytse. Letter waarden ek de histoaryske plaknammen troch de Hollânsktalige bestjoerslaach ferstúthaspele om't

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 9