It sketsplan dat der al lei, wie net basearre op jildlike gegevens. Op fersyk fan de ried hat it kolleezje dat no wol dien. Plan A soe 494.000,= kostje moatteHanthavenjen fan it besteande trasee sil 250.000,= kostje. It kolleezje hat hjir foar keazen om't de tasizzings oan D.S. neikommen wurde moatte en oin't oan it fersyk fan de ried foldien wurde moat. De ried moat net tinke dat it kolleezje, dat dochs wol wat sicht hat op de sifers foar de nije begrutting, dingen úthelje sil dy't net kinne. Dit is al de twadde kear dat dit hjir oan de oarder komt en sprekker fielt der neat foar om dit útstel wer yn te lûken en der dan nochris mei te kommen. As dat al bart, dan komt hy hjir net mei werom. De hear De Wolf is wol foar it plan, mar hy set fraachtekens by de jildlike kant. Oan de bushalte en busrüte moat ek omtinken jûn wurde. By sa'n plan moatte fansels ek de ferkearstechnyske kanten besjoen wurde. It oanbringen fan oerstekplakken heart dêr ek by Fierder hat sprekker der gjin muoite mei om it plan nochris op details te bes jen dy't wol jild kostje, mar dy't yn feite oerstallich binne, sa as bgl. dat stik je damwand. Ek moat goed besjoen wurdt wêr't de oergong tusken asfalt en klinkers komme moat yn ferbân mei de lüdsoerlêst. Hy stelt de ried út om dochs dit ütstel oan te nommen om't dit wol in ferant- wurde plan is. De hear Nieuwdam seit dat der foar him gjin dúdlike relaas je is tusken it eardere útstel en dit útstel. De grûn fan dit útstel is de jildlike kant en fierdere ôfwagings binne net oan de oarder. Hy hat gjin beswier tsjin asfaltearfjen, mar hy freget him óf oft dat perfoarst yn jannewaris moat. Kin dat net yn maart of april? Hy hâldt oan syn útstel fêst om dit nochris oan te htlden en in goede ôfwaging te meitsjen dêr't ek alle belanghawwenden by belutsen binne. De hear De Wolf fynt it wat nuver dat wethâlder Breeuwsma der in soarte portefeuillekwestje fan makket. Dat is neffens him net de wize fan meiïnoar omgean meastentiids. Fierder wit de wethâlder mear as de rieds— leden. It grûnbedriuw stiet der net sa best foar mar as it dochs wat oars leit, dan wol hy dat graach hearre. Der is yn de foarige gearkomste yn prinsipe besletten om de belestingtariven mei 5% te ferheegjen. Dy ferheging moat tsjinje om it tekoart fan it grûnbedriuw op te heinen. As der lykwols net sokke grutte útjeften dien wurde as foar dit plan dan kin dat der oan meiwurkje om it tekoart fan it grûnbedriuw sa leech mooglik te hâlden. Foar it kolleezje waget de tasizzing om te asfaltearjen tige swier. Lykwols hâldt sprekker oan syn ütstel fêst om no gjin beslüt te nimmen mar te wachtsjen oant de hiele jildlike situaasje fan de gemeente bekend is. Men moat dan oan D.S. freegje om dy eask fan it asfalt te feroarjen. Kin dat net dan moat der noch in útstel komme om allinnich it stikje dyk foar de nije bebouwing fan asfalt te foarsjen. Ek de hear Stallinga is fernuvere oer de reaksje fan de wethâlder. Neffens him wol de ried allinnich besykie it kolleezje te helpen mei it meitsjen fan belied, wat yn in tiid dat de hân op de knip moat, wol dreech is. As der yndied in tasizzing foar asfaltearring leit dan moat dat wol troch- gean, mar dan hoege foar sprekker de middenberm en de parkearfakken, sa't dy yn it plan opnommen binne, net útfierd te wurden. De hear Van der Baan is bliid dat it F.N.P.-idee om sunich te wêzen no troch eltsenien oernommen wurdt. Hy fynt it spitich dat de wethâlder sa reagearret op de dingen dy't mei de béste bedoelings troch de ried nei foaren brocht wurde. Der moat in ofwaging makke wurde tusken de argu- minten dy't it kolleezje oandraacht en de arguminten dy't de ried nei foaren bringt. Hy fynt it net terjochte dat de wethâlder dan samar seit dat hy der net fierder oan wurkje wol.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 12