- 9 - De hear Bouma seit dat dit plan in útfloeisel is fan eardere ideëen oer wenningbou op de âlde fabryksterreinen fan Halbertsma. It is dus net in nij plan fan dizze ried. Yn dy plannen heart ek it oanpassen fan de Stationswei om't dy dyk wol oansleat by de fabrykssituaas jemar net mear by de wenningbou dy't no komme sil. Oant oktober ta is de prose- duere goed ferrûn mei ynspraakjûnen. Lykwols efternei bejsoen kin sein wurde dat de reaksjes oer de Stationswei beynfloede binne troch de proble- matyk rün de Oostergoostrjitte. In kar foar in trasee is Qnder dy ynfloed makke. Doe't der lykwols brieven kamen fan de ynstânsjes dy't de kar goedkarre moasten is der ienriedich besluten dat de saak weromskroefd wurde moast. It jild spile doe noch gjin rol en it hoecht foar sprekker no ek noch gjin grutte rol te spyljen. Hy slút him oan by de suggestje fan de hear Nieuwdam om oant in bedrach fan 250.000,= in plan te meitsjen mar der moat no wol in goede kar makke wurdt om't it asfalt dochs oanbrocht wurde moat. En dat stikje asfaltdyk sil foar de kommende jierren bepalend wêze foar it trasee. Sprekker is der net ree ta om in tagongsdyk foar Grou te basearjen op de jildlike need fan dit stuit. Dit plan moat der net trochdramd wurde, mar it moat nochris goed besjoen wurde, benammen op haadpunten, om't dêr noch te folie Qnwissichheden oer binne. Hierna schorst de voorzitter op verzoek van de heer Van den Berg om 21.00 uur de vergadering voor beraad. De voorzitter heropent om 21.20 uur de vergadering en geeft het woord aan de heer Van den Berg. De hear Van den Berg seit dat der yn it skoft socht is nei in oerienkomst dêr't elts him yn fine kin. In fêst punt is dat der in óf spraak is oer it asfaltearjen fan de dyk. Fierder is der foar syn fraksje it betingst dat de plannen net mear as 250.000,= kostje meie. It doel is om mei koarten yn de ôfdieling hjir fierder oer te praten. Wethâlder Breeuwsma seit dat ek foar him de haadpunten binne de Sfspraak oer it asfaltearjen, dy't neikommen wurde moat en it jild. Oer de neiere details kin yn de ôfdieling noch wol wiidweidich praat wurde. De heer De Wolf brengt nogmaals zijn voorstel naar voren. Het besluit over de totaaluitvoering van het plan aanhouden en pas een besluit te nemen als de financiële situatie van de gemeente duidelijk is. Als er aan het asfalteren niet valt te ontkomen, dan moet het gedeelte dat in het plan is aangegeven, eventueel iets aangepast, van een asfaltlaag worden voorzien. Wethâlder Breeuwsma seit dat hy it útstel fan de hear Van den Berg wol folgje kin. De ôfspraak fan it asfaltearjen neikomme en it plan útfiere foar maksimaal 250.000,= en yn de ôfdieling de detailynfolling nochris goed trochprate. Hy kin der net yn meigean om net earder in beslút te nimmen as de algehiele jildlike situaasje fan de gemeente bekend is. De hear Van den Berg is it wol iens mei it útstel sa't wethâlder Breeuwsma dat ferwurde hat. De hear Van der Baan freget him of wannear't dy dyk asfaltearre wurde sil. Is dat op in stuit dat men dêr noch oan't bouwen is en der dus noch in protte bouferkear lâns komt of wurdt dat net earder as wannear't de bouwerij dêr dien is? Vervolgens wordt overgegaan tot stemming over het voorstel van de heer De Wolf om alleen geld beschikbaar te stellen voor het asfalteren en verder eerst te bekijken wat de financiële situatie van het grondbedrijf is en wat de kosten voor het plan worden alvorens daar een beslissing

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 14