- 3 - fan Pleatslik Belang yntusken ek berjocht hân dat it brief yn behanneling is en dat dit op 11 febrewaris oan de oarder komme sil? Wethâlder Breeuwsma seit dat dit brief yndied wol wat let behannele wurdt. De hear Damsma is it mei it brief iens, mar sprekker kin him net alhiel yntinke wat no krekt de eftergrünen fan dit brief wiene. De voorzitter voegt daar aan toe dat de brief twee dagen voor de verzending van de raadsstukken is binnen gekomen. Die periode was net te kort om de brief voor de raadsvergadering van december mee te nemen. De hear Nieuwdam freget dan nochris hokker berjocht der oan it bestjoer fan Pleatslik Belang stjoerd is. Wethâlder Breeuwsma seit dat dit brief no oan de oarder steld wurdt. De voorzitter zegt aanvullend dat het bestuur van Plaatselijk Belang uiteraard, als na vier weken nog geen antwoord is eegeven, de informatie krijgt dat de brief in behandeling is en dat men zo spoedig mogelijk een antwoord hoopt te geven. De hear Damsma seit dat Pleatslik Belang reagearret op it tawizingsbeslút dat de ried seis nommen hat. Hy fynt it in frustrear j ende saak dat dy minsken ek alhiel gjin andert krigen hawwe, want dêr komt it op del. Der moat no sein wurde wat der dien wurde sil, om't de ried de besluten nimt. It moat net nei in ôfdieling ferskood wurde sa't hjir wol útsteld wurdt. Wethâlder Breeuwsma wol dit wol yn de ôfdieling oan de oarder stelle, want der is neffens him gjin oanlieding om dit nô yn de ried te behanneljen. Der wurdt, wat it bouwen betreft, foldien oan wat der yn it doarpenplan frege wurdt. It kin earst yn de ôfdieling bepraat wurde. Docht bliken dat men der dan al oars oer tinkt, dan kin it dochs noch wol yn de ried oan de oarder steld wurde. De hear Bethlehem is fan betinken dat Pleatslik Belang fan Akkrum ek foar dy gearkomste útnoege wurde moat, sadat hja fuort meiprate kinne. 'Punt 3: De voorzitter zegt dat het voorstel gewijzigd wordt in: om advies in handen van B. en W. te stellen. unt 8: De hear Damsma seit dat der yn dit brief praat -wurdt oer it ynstellen fan in wurkgroep. Hy is fan betinken dat it oerlis neat opsmite sil foar Fryslân, sjoen guon útspraken fan de minister fan ekonomyske saken út it resinte ferline. Punt 10: De heer De Wolf vraagt hoever het is met de voorlichting aan de burgers over de wijziging van de plaatsnaamgeving. De voorzitter zegt dat de voorlichting gecombineerd zal worden met het plan van invoering. De burger krijgt dââr het meest direct mee te maken en dan moeten de concrete gegevens over termijnen e.d. bekend gemaakt worden. De bedoeling is wel om dat in de eerste maanden van dit jaar rond te maken. De hear Bethlehem konstatearret dat 90% fan it bedriuwslibben tsjin dizze namsferoaring is. It giet der benammen om dat it in protte swierrichheden foar de administraasje jout. It liket him goed dat der sa gau mooglik oan de minsken in termyn bekend makke wurdt dêr't yn noch gebrûk makke wurde kin fan de Nederlânsktalige namme.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 27