- 11 - dit pand. Die aankoop maakt het mogelijk om iets aan de verkeerssituatie te doen. Zou het niet doorgaan dan krijgt men voorlopig niet weer een kans De hear Bouma freget him of wat no krekt it doel is. Earst oanpasse en dan ferkeapje of earst ferkeapje mei betingst dat de keaper it pân oanpast. Syn fraksje leit de klam op de léste mooglikheid. Hy hopet dat it kolleezje in goed keapman wêze sil en dat it tekoart fan de gemeente sa lyts mooglik bliuwt. Hooplik kin de priis per tegel - no rûsd op sa'n 7.000,= - wat sak je om't de minsken der dan noch net oer hinne doare te rinnen en dan wurdt it doel ek foarby sketten. Dus earst ferkeapje en dan oanpasse. Op dy wize hat de keaper ek noach wat yn te bringen by de feroarings. Sprekker freget him of oft, as in keaper der om freget, it ek mooglik is om dy útbou dy't by it hûs pland is, wat grutter te meitsjen. Hoe giet fierder de proseduere fan ferkeap yn syn wurk? Wethâlder Breeuwsma seit dat der al gadingmakkers foar it hus binne, mar it sil earst ek noch yn de Mid-Fr publisearre wurde. It doel is wol om it hûs earst te ferkeapjen, lykwols mei in bouplan derby. Oer dat bouplan is wol te praten, mar om't it troch monumintesoarch adfisearre is, sil dy ynstânsje der ek by belutsen wurde. De gadingmakkers kinne nei de advertinsje ynskriuwe, sadat it op de meast demokratyske wize ferkocht wurde kin. Yn it bouplan sille lykwols sokke betingsten opnommen wurde dat de út- fiering wol oerien komt mei wat it kolleezje foar eagen stiet. De hear Bouma seit dat men in eardere ûnderfining hat mei briefkes, wêrby de termyn öp^t lest in rol spyljen gie. It liket him ta dat soks net wer barre moat. Der moat dêrom in tige goede proseduere ôfpraat wurde. Men moat wol sekuer hannelje om't, as der gjin goed bod komt, de gemeente noch wol de mooglikheid hawwe moat om seis te bouwen. De termyn moat dêrom goed ôfpraat wurde. Wethâlder Breeuwsma seit dat dit via de notaris dien wurde sil. Men mei oannimme dat it dan wol sekeur dien wurde sil. De gemeente jout de betingsten oan en der komt in basispriis. Wurdt dy basispriis net helle dan sil de gemeente seis it pân ferbouwe moatte. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 19. Voorstel tot het deelnemen aan het ondersteuningsbeleid kleine kernen Greidhoeke-East De hear Nieuwdam seit dat syn fraksje dit útstel stipet om't guon gebieten yn de gemeente dizze ekstra stipe nedich hawwe. It sakjen fan it ynwenner- tal en it minder wurden fan de foarsjennings jouwe oan dat der wat barre moat. It biedwurd foar dizze plannen is: 'Er wordt niet bedacht wat er gedaan moet worden, maar er wordt gedaan wat bedacht is'. Dat is in goed útgongspunt om't de befolking hjirtroch ek stimulearre wurdt. Sjoen de wize wêrop de minsken yn it ferline by de doarpsfernijingsplannen^meitocht hawwe, tinkt sprekker dat it ek yn dit plan net oan meiwurking untbrekke sil. Hy hopet dat der oer tri je jier foar dizze doarpen in sadanich per- spektyf üntstien is dat de takomst mei betrouwen temjitte gien wurde kin. Mefrou Watzema freget har óf wêr't no krekt oan tocht wurdt. Binne der kant en kleare plannen? Oan hokker bedrach wurdt tocht by de útspraak yn it begjin fan it útstel: 'financieel wordt bijgesprongen'.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 35