W 20. Utstel nammejouwing iepenbiere basisskoallen Sibrandabuorren, Terherne, Warten en Akkrum. i£rm> GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de geméenteried Grou, 7 febrewaris 1986 Yn de earste moannen nei de yntegraasje fan it beuker en leger ûnderwiis is troch jimme ried fan in tal skoallen de namme op'e nij fêststeld. Lykwols noch net fan alle skoallen, sa as: - De iepenbiere basisskoalle fan Sibrandabuorren. Dizze skoalle brûkt as namme, "De Lege Geaën"Foar safier't wy neigean kinne, is dizze namme nea troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Raerderhim fêststeld. Der is lykwols gjin inkelde reden om de namme te feroarjen, ek net fan de kant fan de meikedizingsried. Wy stelle jimme dan ek út om de namme "De Lege Geaën" oan te hâlden. - De iepenbiere basisskoalle fan Terherne. De namme fan de eardere legere skoalle wie, "It Kampke". Ek yn de nije sitewaasje kin dizze namme neffens ús wol bestean bliuwe. Wy stelle jimme dan ek út om dizze namme oan te hâlden. - De iepenbiere basisskoalle fan Warten. De meikedizingsried fan dizze skoalle slacht foar om de namme fan de eardere legere skoalle oer te nimmen. Wy stelle jimme dan ek út om foar de iepenbiere basisskoalle fan Warten de namme "De Finne" oan te hâlden. - Iepenbiere basisskoalle Akkrum, foarhinne Juf Boeremaskoalle/It Beukerhof. Tillefonysk hat de direkteur sein, dat men graach de namme "Juf Boerema-basisskoalle" oanhâlde wol. Dat is troch de meikedizingsried skriftlik befês:tige Wy binne lykwols fan betinken, dat dêrmei ôfbrek dien wurdt oan de persoan Juf Boerema, dy't har jierrenlang ynsetten hat foar "har" skoalle. De meikedizingsried kin hjir wol ynkomme en dan ek net tsjinwarje as it "Juf Boeremaskoal- le" wurdt. - Iepenbiere basisskoalle Master Wielsmaskoalle/It Roefke yn Grou. Om't dizze skoalle op dit stuit noch in dislokaas je hat (twa gebouwen), wol men graach foarearst beide nammen oanhâlde. Wy kinne hjir wol ynkomme en binne fan betinken, dat wannear't dizze skoalle mei de tiid yn ien gebou húsfeste is, wol tawurke wurde kin om ien namme oan te hâlden.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 92