GEMEENTE BOARNSTERHIM 21. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar oanfoljende húsfestingsfoarsjennings yn de iepenbiere basisskoallen fan Roardhuzum en Warten. Oan de gemeenteried. Grou, 7 febrewaris 1986. Yn ús útstel fan 4 oktober 1985 oan jimme ried, oangeande it beskikber stellen fan in ekstra kredyt foar de ynrjochting fan de iepenbiere basisskoalle fan Roardhuzum is tasein, dat wy noch mei in neier útstel komme soenen, wannear't definityf bekend wurde soe, hokker foarsjennings der foar de ûnderbou fan in tal skoallen komme moat. It giet derby benammen om boukundige foarsjennings, der't de ôfdieling bousaken fan ús tsjinst gemeentewurken in begrutting foar makke hat. Yn it troch jimme fêststelde foarriedige húsfestingsoersicht basis skoallen wurde dy oanfoljende húsfestingsfoarsjennings needsaaklik achte It giet derby om saken as it oantúgjen fan beukerklosetsflierbedek king, materialenbergingsoanrjochten en wurklean. Dit is neier útwurke yn in oersicht, dat foar jimme by de stikken op bes jen leit. De foarsjennings wurde oanbrocht yn de iepenbiere basisskoallen fan Roardhuzum en Warten. Mei de ynrjochting is nei alle gedachten in bedrach fan 11.500,muoit. Dizze útjefte wurdt dutsen troch de ryksfergoeding neffens it bekostigingsstelsel foar it basisûnder- wiis (LONDO). Dêrneist binne yn de kombinearre skoallen fan Wergea in tal boukundige foarsjennings oanbrocht. De kosten dêrfan (plm. 4.500,komme foar rekken fan de post ûnderhâld fan de skoalle. Gearfetsjend stelle wy jimme ried stellen foar de nedige boukundige fan de "Trije Doarpenskoalle" yn Warten fan folslein 11.500, út om in kredyt beskikber te foarsjennings foar de ûnderbou Roardhuzum en de "De Finne"yn Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 94