W 22. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar de iepenbiere basisskoalle yn ferbân mei ynfie- ring fak ingelsk. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 7 febrewaris 1986. Mei yngong fan 1 augustus 1986 wurdt ingelske taal in ferplicht fak op de basisskoalle. Sadwaande moatte foar dat fak de nedige learmiddels oantúgd wurde. Sa't bliken docht út kêst E 44 fan de Oergongswet Wet op it BasisQnderwiisgiet it om de earste ynrjoch- ting. It beskikber stellen fan in ekstra kredyt foar it fak ingelsk troch jimme ried, binnen de noarmen fan de Ryksfergoeding, is dan neffens ús betinken ek op syn plak. Oan't no ta hawwe trije fan de tolve iepenbiere basisskoallen yn ús gemeente om in ekstra kredyt frege. Dat binne de iepenbiere basisskoallen "De Lege Geaën" yn Sibrandaburen, "De Finne" yn Warten en de "Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle" yn Grou. De oanfragen lizze foar jimme ried by de stikken op bes jen. Wy ferwachtsje, dat ynkoarten de oare skoallen ek wol mei in oanfraach komme sille. Nei oanlieding fan dizze oanfragen, diele wy jimme miei"dat in hoart lyn de learkrêften fan it iepenbier- en bysûnder ûnderwiis yn ús gemeente harren oriïntearje kinnen ha op in tal metoades foar it fak ingelsk. Dizze gearkomste waard organisearre troch it mienskiplik sintrum foar ûnderwiisbegelieding. Op dizze gearkomste is in taljoch- ting jûn op inkelde metoades, werûnder dy mei in saneamde kommunikati- ve ynslach. Mei it each op it finansjeel aspekt, achtsje wy it wichtich, dat safolle mooglik in lyklûdich learmiddelpakket ingelsk troch de skoallen oantúgd wurdt. Yn alle gefallen sille de kosten net heger wêze meie as dat de LONDO-noarmen foarskriuwe. Dat soe oars betsjutte, dat de gemeente út eigen middels bypasse moat,dan wol datit jierliks learmiddelkredyt fan de skoalle hjirmei ekstra belêste wurde moat. Pas mei yngong fan 1 augustus oansteande krije de gemeenten in fergoeding foar it fak ingelsk. Dat is de fergoeding foar de earste ynrjochting. Wannear't de metoade mei de tiid fersliten is, sil ferfanging út de eksploitaasjefergoeding fan it Ryk bekostige wurde moatte. Hoewol 't de kommisje LONDO hjir yn earste oanrin wol fan útgien is, wurdt fan it Ryk gjin aparte ferfangingsfergoeding foar it ûnderwiislearpakket foar it fak ingelsk ûntfongen. Soks út in eachpunt fan besuniging.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 95