- 18 - libben giet der meastentiids ek net op foarút. Sprekker fynt it in fer- kearde saak dat de ried dan yn sokke gefallen ek noch bepale wol hoelang dy minsken yn sa'n wurkpleats wurkje moatte en dat der produksje komme moat. It giet der om dat dy minsken wer it gefoel krije dat hja der dochs by hearre. It is ús plicht om der foar te soargjen dat der foar sokke minsken mooglikheden binne. It kin dan ek neat skele as dat dan wat knoffelich giet. De minsken dy't de help ferliene stean klear as dat nedich is en net allinnich foar it tal oeren dêr't hja foar oannommen binne, mar faak wol langer. Sprekker hat grutte bewûndering foar de wurklieders en hy jout harren dan ek in komplimint foar harren wurk. Fierder is it in hiel goede saak om yn dit soarte projekten wat ekstra jild te stekken, sadat de minsken sûnder wurk wer in nije kans krije kinne yn de maatskippij. De hear Stallinga is it wol mei de foarige sprekkers iens, mar it doel fan it projekt is neffens him, om de minsken út de útsjochsleaze situaasje te helpen en as it kin ek wat fakbekwaamheid oan te learen, sadat hja wer op eigen fuotten stean kinne. It liket him hielendal net goed om de minsken nei de wurkpleats ta te heljen sûnder harren dêrnei ek fierder te helpen troch te wizen op de Qnderwiismooglikheden dy't der genôch binne. It giet der om dat de minsken mei help fan dit projekt wer yn de maatskippij telâne komme. Wethouder Poppen vindt dat de heer Stallinga gelijk heeft dat de mensen geholpen moeten worden terug te komen in de maatschappijmaar een groot aantal heeft, na verscheidene pogingen om aan werk te komen, de moed laten zakken en blijft verder maar thuis. Door zo'n werkplaats wordt getracht om zulke mensen weer in een ritme te brengen. Daar wordt dan wel niet de scholing opgedaan die vereist is om bij een bedrijf aan de slag te komen, maar het kan toch helpen om een drempel die gerezen is, te verlagen. Ook worden de mensen wel op de onderwijsmogelijkheden gewezen. Verder moeten voor alle uitgaven afwegingen gemaakt worden en dat geldt ook voor dit project. Het gaat hem wel een beetje te ver om te zeggen dat hiervoor zonder meer extra geld kan worden uitgegeven. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten 20. Utstel nammejouwing iepenbiere basisskoallen Sibrandabuorren, Ter- herne, Warten en Akkrum. Sûnder petear en sûnder stik foar stik te stimmen wurdt der neffens it utstel besletten. 21. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar oanfoljende húsfestings- foarsjennings yn de iepenbiere basisskoallen fan Roardhuzum en Warten. Lyk as earder neamd. 22. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar de iepenbiere basis- skoalle yn ferban mei ynfiering fak Ingelsk. Lyk as earder neamd. 23. Voorstel tot vaststelling van diverse begrotingswijzigingen. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 22