w 18. Utstel om gjin ekstra kredyt beskikber te stellen foar it oantúgjen fan in tv/video-tafel foar de Burgemeester Thalenschool/ Krobbehiem. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 7 maart 1986. De direkteur fan de iepenbiere basisskoalle fan Akkrum, "Burgemeester Thalenschool/Krobbehiem" hat in fersyk yntsjinne, om in ekstra kredyt út te lûken foar it oantúgjen fan in tv/video-tafel. Wy binne fan betinken, dat dit fersyk om yn elts gefal twa redens ôfwiisd wurde moat. Ynkoarten wurdt de Wet op it Basisûnderwiis (wbû) op in tal punten wizige, ûnder oare kêst 74. De redaksje fan kêst 74 WBU is op dit stuit sadanich, dat it mooglik is, dat der in ekstra kredyt beskikber steld wurdt troch de gemeente- ried, wannear1t it om saken giet, dêr't by de earste ynrjochting fan de skoalle gjin rekken mei hâlden is. Nei de wiziging fan kêst 74 WBU (nei alle gedachten mei tebek-wurk- jende krêft oant 1 augustus 1985), kin meiwurking ferliend wurde of in ekstra kredyt beskikber steld wurde, wannear't it giet om saneamde "andere voorzieningen"Mei "andere voorzieningen" wurdt bedoeld: a. technysk ûnderhâld; b. technyske en funksjeferbetterjende oanpassings; c. ferfanging en oanpassing meubilêr; d. kosten fan it meitsjen en ferfangen fan skea oan gebouwen, meubilêr en ünderwiislearpakket, wannear't it giet om bysûndere omstannich— heden, en e. saneamde oare foarsjennings. Ek de Oergongswet Wet op it Basisûnderwiis spile alle in bytsje yn op de gedachte dat ûnder "normale" omstannichheden gjin ekstra kredyten of meiwurking ferliend wurde soe. Sa is yn de kêsten E 44 en E 45 fan de Oergongswet Wet op it Basis- ûnderwiis it folgjende fêstlein. Kêst E 44. "Het bevoegd gezag gebruikt de inventaris die het op 31 juli 1985 voor een kleuter of lagere school in gebruik had. Deze inventaris wordt, behoudens voor wat betreft het onderwijs in de Engelse taal, geacht te voldoen aan de normen voor de inventaris van een basisschool, zoals deze met ingang van 1 augustus 1985 zullen gelden"

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 53