19. Utstel ta it beskikberstellen fan in kredyt yn ferbân mei de stifting fan in bysûndere basisskoalle yn Jirnsum. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan'e gemeenterie. Grou, 7 maart 1986. By jimme beslút fan 21 augustus 1984, nûmer 22, ha jimme it bestjoer fan'e "Stichting Katholiek onderwijs" yn Jirnsum meiwurking ferliend foar it tastânbringen fan in ferantwurd Onderkommen foar it bysûnder basisûnderwiis dêre. Derby is der fanút gien, dat de katholike basisskoalle ûnderbrocht wurde sil yn it eardere iepenbiere beuker- skoallegebou oan'e Douwemastrjitte By syn beskikking fan 22 april 1985, nûmer B0/KL/MZP-708965-E 84001412 hat de steatssiktaris fan ûnderwiis en wittenskippen op grûn fan kêst E 42 fan'e Oergongswet Wet op it Basisûnderwiis tastimming jûn om neamd beukerskoallegebouw foar de húsfesting fan'e bysûndere basisskoalle yn Jirnsim yn gebrûk te nimmen en út te wreidzjen mei 50 m2 Dêrnjonken hat de steatssiktaris tastimming jûn foar in tal oanpassings fan dat skoalgebou. De kosten fan ien en oar binne troch de steatssiktaris oanfurdige ta in bedrach fan 126.000, Yn oansluting op dy beskikking ha jimme yn jimme gearkomste fan 15 oktober 1985 foar it útwreidzjen en oanpassen fan it eardere beukerskoalgebou de maksimale ryksfergoeding fan 126.000,as kredyt beskikber steld. Underwilens hat de steatssiktaris nei oanlieding fan in brief fan it skoalbestjoer by syn beskikking fan 5 febrewaris 1986, nûmer B0/H/B 723862 E/8507101 bepaald, dat de boukundige foarsjennings, dy't op grûn ^fan'e beskikking fan 22 april 1985 oanbrocht wurde soene, as folget wizige wurde sille: 1. it ferlytsjen fan it boarsterswurklokaal en it oanpassen ta 1 leslokaal; 2. it gearfoegjen fan in boarsterswurklokaal mei in lokaaldiel en it oanpassen ta mienskipsromte 3. it meitsjen fan in lokaal troch útwreiding mei 50 m2 en oanpassing ta leslokaal; 4. it oanpassen fan twa toiletgroepen foar de boppebou; 5. it foar in part oanpassen fan it boartersplak foar de boppebou, dêrûnder begrepen it meitsjen fan in fytsstalling. De kosten fan dy foarsjennings binne troch de steatssiktaris oanfur dige ta in bedrach fan 157.000,(priis b.t.w. ynbegrepen; priis— peil 1986). Dy kosten sille oan'e gemeente fergoede wurde troch de wei fan in jierlikse fergoeding oerienkomstich de (O)W.B.U. De ferklearring fan 22 april 1985 is dêrmei ferfallen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 55