- 7 -
in bepaald bedrach oan kosten, dy falie heger út. Fierders wie der in
fersyk oan D.S. oer it ôfsluten fan in stik dyk foar motorisearre ferkear.
Sprekker freget oft dat fersyk posityf honorearre is. De technyske út-
fiering fan de kearlus moast sadanich wurde dat elts wol oer dy dyk
komme koe, mar it moast in psychologyske drompel wurde. It docht no
bliken dat de technyske útfiering sadanich is dat inkelde ferfiermiddels
benammen mei oanhing, dit obstakel net nimme kinne. Dat hâldt yn dat
de ferwachtings sa't dy steld wiene, net allegear útkomme. Hy is it
dêrom mei de mearderheid fan it kolleezje iens dat der mei dit eksperimint
net fierder gien wurde moat, mar dat der sa gau mooglik socht wurde
moat om oare reële alternativen. De situaasje op beide diken is sadanich
dat der perfoarst wat barre moat.
Mefrou A. Zijlstra slút har oan by de miening fan de minderheid. De
mearderheid seit dat dit eksperimint de mienskip jild kostje soe. Der
soe no 17.500,= by moatte. It giet om in eksperimint en dêr jout it
ministearje allinnich mar subsyzje foar. Alle oare oplossings kostje
ek jild en de fraach is hoe heech wurde dan de kosten. Der moat wat
barre foar de feiligens fan de gebrûkers: de boer en de fytser. It ünder-
hâld fan de dyk kostet 150.000, De oanlis fan in fytspaad soe op
syn minst 3 miljoen kostje moatte. De provinsje hat dat paad net op
de prioriteitenlist te stean sadat de gemente dat seis betelje moatte
soe. By dy oplossing bliuwe de boeren wol op de dyk, foarby raasd troch
it frachtferkear dat foar harren tiidferlies en eangstme betsjut.
Poppenwier is ek in knyppunt. Op it plak dêr't de bern fjouwer kear
deis de dyk oer moatte is it op de tiden fan oerstekken krekt mei snelfer-
kear op it drokst. Der is al jierren troch de âlden oantrune op in ferkears
tunnel of soksawat. De kosten dêrfan binne rûsd op minimaal in ton.
De mearderheid is fan betinken dat oanlis fan de kearlussen net genôch
fertuten dwaan sil. Sprekster is fan betinken dat it wol helpe sil.
Frachtferkear sil de rykswei nimme, om't it omriden mar twa tri je
menuten kostet. Hja wol der de klam op lizze dat it om in eksperimint
giet, nei in jier kin it besjoen wurde en as it nedich is oanpast wurde.
De mearderheid stelt dat it jild fan de mienskip better bestege wurde
kin, mooglik oan nije alternativen. Hja freget har of hokker alternativen
dat binne. Der wurdt dêrmei foarby gien oan de foarskiednisDer wurdt
al tsien jier praat oer dizze ferkearssituaasjesDer binne al allerhande
mooglikheden oandroegen dy't of te djoer, of net útfierber, of net kontro-
learber wiene. Hokker alternativen binne der dan noch oer dy't de mienskip
it selde bedrach of minder kostje sille? Alle wurk dat dêr wer oan dien
wurde moat en de te organisearjen harksitten kostje allegear wer jild.
Wat de beswierskriften oanbelanget wurdt der gebrük makke fan in standert-
brief. Fierder komme guon nammen mear as ien en twa kear foar by de
beswierskriften. Seis immen út België hat in beswierskrift skreaun.Hoe
faak makket dy dan gebrük fan dizze dyk? In pear beswierskriften kin
sprekster wol ünderskriuweDe boer dyt de kearlus te ticht by syn
reed kriget bglmar it ferpleatsen fan dy lus is net sa'n poepetoer.
Alle oaren kinne wol gebrük meitsje fan it alternatyf dêr't men tweintich
jier ferlyn ek gebrük fan meitsje moast. Sprekster bliuwt der by dat
as dit net útfierd wurdt, der neat barre sil om't alles te djoer útfalt.
De dyk bliuwt dan libbensgefaarlik foar fytsers en boeren en wurdt ünbe-
telber troch de ûnderhâldskosten.
De heer De Wolf zegt dat zijn fractie van mening is dat er iets aan
de weg gedaan moet worden. Er wordt te hard gereden en de weg wordt
stukgereden door teveel zwaar vrachtverkeer. De mogelijkheden die de
gemeente heeft zijn erg beperkt, enerzijds door de financiën, anderzijds
door de wegenverkeerswet. Het voorliggende plan had niet de instemming
van zijn fractie, omdat het slecht was voor het milieu, de economie,
de werkgelegenheid en het isoleerde de dorpen ten opzichte van elkaar.