- 11 -
De voorzitter antwoordt dat de keerlus technisch zonder meer uitvoerbaar
is. Er is nog geen definitieve vorm gekozen voor de keerlus.
De heer De Wolf zegt dat hij bij een bedrijf geïnformeerd heeft dat
in dit soort technische zaken gespecialiseerd is, of de keerlus zoals
die gewenst wordt, uitvoerbaar is. Dat bedrijf zag niet de mogelijkheid
om het uit te voeren.
Verder vindt hij een proef met loslopende schapen best wel de moeite
van het proberen waard.
De gladde bochten zijn geen karakteristiek probleem van de Bûtlânswei.
Dat geldt voor alle wegen, die bij gladheid niet goed gestrooid zijn.
Uit het rapport van het K.N.O.V. blijkt duidelijk dat de meeste ongelukken
toch op de kruisingen gebeuren. Volgens het rapport is er op het langste
rechte stuk nog nooit een ongeluk gebeurd.
(Mefrou A. Zijlstra: 'Dat is net wier, der is koartlynnoch in üngemak
mei in feewein bard').
Neffens it rapport bart dêr neat en der giet sprekker op of. Wat op
de rjochte einen wol bart binne iensidige Ongemakken. Auto's dy't troch
in lytse stjoerflater fan de dyk reitsje. De bjirmen binne sadanich
dat dat al gau ta Ongemakken liede kin. Hy freget him of oft der neat
dien wurde kin oan dy bjirmen, bgltroch de rillen by de dyk lâns mei
pún op te foljen.
Fierder is it de muoite wurdich om oan it R.O.V.V. te freegjen oft it
ek mooglik is om wat minder swiere fytspaden oan te lizzen. De fytspaden
dy't de léste tiid oanlein binne, binne allegear sa swier fan konstruksje
dat der mei gemak mei it swierste materieel op riden wurde kin. Der
is fêst wol in konstruksje te finen dat it fytspaad wat lichter wurdt
en dat der dochs mooglikheden binne om de bjirmen te ûnderhâlden sûnder
op it fytspaad te riden, of om it paad sriiefrij te meitsjen sûnder der
op te riden.
Stopbuorden op iepene krusings wurkje fansels net, mar it oanbringen
fan sokke buorden soe kombinearre wurde kinne mei it benimmen fan it
útsjoch troch boskjeguod. Sa soe it ek mei de kontrole moatte, wat fan-
siden brocht. It liket him ta dat de apparatuer op 1 jochtskyndei net
samar meinommen wurdt. As alternative fytsroute kin de Griene Dyk en
de Mardyk brûkt wurde. Sa binne der noch wol mear suggestjes te jaan.
Sprekker fynt it spitich dat der sa'n tiid stutsen is yn it Qndersyk
nei it eksperimint. Dêr kin it beste mar mei ophâlden wurde en de tiid
brûke foar reëlere oplossings.
Mefrou Watzema seit dat it probleem fan dizze dyk is dat der te hurd
riden wurdt en dat der tefolle frachtferkear is. Kin dêr wier net wat
mear kontrole op komme? De polysje kin ek prioriteiten stelle. Fierder
binne der oarderingen makke en der moat dochs kontrôle wêze om't oars
sokke regels ek gjin doel hawwe. Hja wol dêrom nochris freegje oft de
polysje dêr net wat mear kontrolearje kin op te hurd riden en op fracht
ferkear dat dêr neat te sykjen hat.
Mefrou A. Zijlstra seit dat hja wol begrypt dat der undernimmers wêze
sille dy't skea liede kinne troch dizze maatregel en dat der in standert-
brief brukt wurdt is faaks ek wol logysk, mar it byld wurdt alhiel fer-
tekene as men guon nammen twa kear of faker tsjin komt. Sa'n 20 km fyts
paad oanlizze njonken de Bûtlânswei en de Harstawei lâns kostet fansels
nochal wat. It probleem foar de boeren wurdt dêrmei net oplost en by't
ynheljen sille de gruttere weinen dochs fan de dyk of moatte.
Op alle stikken fan de dyk barre Ongemakken. Dat beheint him net ta
de krúspunten en de bochten.
De voorzitter constateert dat de opmerkingen in tweede termijn bedoeld
zijn om de standpunten, uitgesproken in eerste termijn, te ondersteunen.
Spreker is bereid om met de politie te overleggen of er niet meer gecon-