19. Utstel eigendomsoerdracht hüsfes-
tingsfoarsjennings oan bysûndere
basisskoalbestjoeren fan Aldeboarn,
Jirnsum en Warten.
GEMEENTE BOARNSTERHIM
Oan de ried.
Grou, 4 april 1986.
Yn jim gearkomste fan 17 april 1984 is meiwurking ferliend oan
de feriening foar "Protestant Christelijk Basisonderwijs" yn Aldeboarn
foar de bou fan in 4-klassige bysundere basisskoalle. Dêrta is
it eardere bysûndere beukerskoalgebou oanpast en útwreide. Sûnt
begjin jannewaris fan dit jier is de skoalle yn gebrûk. De eigendom
fan it gebou moat lykwols noch oerdroegen wurde.
Nei't de Wet op it BasisQnderwiis op 1 augustus 1985 fan krêft
wurden is, wie it beukerskoalgebou net mear nedich foar dat ûnderwiis.
Op grûn fan kêst E 39/E 40 fan de Oergongswet Wet op it BasisQnderwiis
ferfalle skoalgebouwen fan bysundere skoalbestjoeren dy't gjin
basisskoalle beheare nei 1 augustus 1985 oan de gemeente. Wannear't
de skoalle teminsten mei mienskips j ild boud is. Dat is it gefal,
sadat it eardere bysûndere beukerskoalgebou eigendom wurden is
fan de gemeente.
Op grûn fan kêst 76 fan de Wet op it Basisunderwiis kin de gemeente
de eigendom oerdrage oan it foechhawwend gesach fan de bysûndere
basisskoalle
It wurd "kin" wurdt hjir útdruklik brûkt, omt boargemaster en wethâl-
ders mei it foechhawwend gesach in oare konstruksje oerienkomme
kinne
Wy binne lykwols fan betinken, dat yn dit gefal it gebou yn eigendom
oerdroegen wurde moat oan it bysûndere skoalbestjoer fan Aldeboarn.
Fierders is yn jim gearkomste fan 21 augustus 1984 de meiwurking
ferliend oan de stifting "Katholiek Onderwijs St. Radboud" yn
Jirnsum foar de húsfesting fan de bysûndere basisskoalle fan Jirnsum.
Troch it ministearje fan Underwiis en Wittenskippen is by beskikking
fan 5 febrewaris 1985 tastimming ferliend om dêrta it eardere iepen-
biere beukerskoalgebou sadanich te ferbouwen en út te wreidzjen,
dat it gebou geskikt is foar húsfesting fan de bysûndere basisskoalle.
Ek wat dit gebou oanbelanget, binne wy fan betinken, dat de eigendom
oerdroegen wurde moat oan de stifting "Katholiek Onderwijs St.
Radboud" yn Jirnsum.
As léste noch de húsfesting fan de bysundere basisskoalle fan Warten.
Yn jim gearkomste fan 20 maart 1984 is meiwurking ferliend oan
de feriening foar "Protestant Christelijk Basisonderwijs" fan Warten,
foar de húsfesting fan de bysûndere skoalle yn ien gebou.
Troch it Ministearje fan Underwiis en Wittenskippen is by beskikking
fan 1 maaie 1985 tastimming ferliend om it eardere neutraal bysûndere
beukerskoalgebou yn gebrûk te nimmen foar it basisunderwiis.