-2-
Om it gebou geskikt te meitsjen foar de húsfesting fan de bysündere
skoalle, moatte der noch wol inkelde boukundige foarsjennings
oanbrocht wurde.
De Steatssiktaris fan Underwiis en Wittenskippen is fan betinken
dat ferbouwing en útwreiding fan it gebou ta in bedrach fan
350.000,akseptabel is. Mei de oanpassing fan it gebou sil
nei alle gedachten ynkoarten útein set wurde.
De gemeente is op dit stuit eigner fan it gebou. No't it skoalbestjoer
seis foar de útfiering fan de oanpassing fan it gebou soarget,
binne wy fan betinken, dat it gebou yn eigendom oerdroegen wurde
moat oan de feriening fan "Protestant Christelijk Basisonderwijs"
fan Warten.
Wy stelle jimme ried dan ek út, om:
a. it eardere bysündere beukerskoalgebou oan de J. Douwemastrjitte
45 yn Aldeboarn yn eigendom oer te dragen oan de feriening foar
"Protestant Christelijk Basisonderwijs" fan Aldeboarn;
b. it eardere iepenbiere beukerskoalgebou oan de J. Douwemastrjitte
65 yn Jirnsum yn eigendom oer te dragen oan de stifting "Katholiek
Onderwijs St. Radboud" fan Jirnsum;
c. it eardere neutraal bysündere beukerskoalgebou oan de Schoolstraat
2 yn Warten yn eigendom oer te dragen oan de feriening foar
"Protestant Christelijk Basisonderwijs" fan Warten.
Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim,
de siktaris, de boargemaster,
P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.