GEMEENTE BOARNSTERHIM
20. Utstel om in ekstra kredyt beskik-
ber te stellen foar de oanfoljende
ynrjochting fan de mienskipsromte
fan de bysûndere basisskoalle
yn Warten.
Oan de ried.
Grou, 4 april 1986.
By jimme beslút fan 20 maart 1984, nûmer 28, ha jimme it bestjoer
fan'e feriening foar Protestant Kristlik Basisûnderwiis yn Warten
meiwurking ferliend foar de húsfesting yn ien akkomodaasjedy't
foldocht oan'e easken fan dizze tiid, benammen wat de boukundige
en ûnderwiiskundige ynrjochting oanbelanget. Dêrby is de kar yn
oerlis mei it ministearje fan ûnderwiis en wittenskippen fallen
op it gebou, dêr't earder de bysûnder neutrale beukerskoalle yn
Warten yn ûnderbrocht wie.
By syn beskikking fan 1 maaie 1985, nûmer BO/KL/MZP-695671.E hat
de steatssiktaris fan ûnderwiis en wittenskippen op grûn fan kêst
E 42 fan'e Oergongswet op it Basisûnderwiis tastimming jün om dat
gebou foar de húsfesting fan'e bysûndere basisskoalle yn Wartena
yn gebrûk te nimmen, sadreet dat gebou frij komt. Dêrnjonken hat
de steatssiktaris tastimming jün foar in tal oanpassings fan dat
skoalgebou. De kosten fan ien en oar binne troch de steatssiktaris
oanfurdige ta in bedrach fan 350.000, Yn oansluting op dy
beskikking ha jimme yn jimme gearkomste fan 15 oktober 1985 foar
de boukundige foarsjennings oan it eardere beukerskoallegebou de
maksimale ryksfergoeding fan 350.000,as kredyt beskikber steld.
Underwilens hat de steatssiktaris nei oanlieding fan in petear
mei it skoalbest joer by syn beskikking fan 4 maart 1986, nûmer
BO/H/B-727532 86003193 bepaald, dat de kosten foar in oanfoljende
ynrjochting fan de mienskipsromte troch him oanfurdige wurde kinne
ta in bedrach fan 23.000,— (priispeil 1985, b.t.w. ynbegrepen)
Dy kosten sille oan'e gemeente fergoede wurde fia in jierlikse
fergoeding oerienkomstich de (O).W.B.U.
Wy achtsje it fan belang, dat jimme rie foar de oanfoljende ynrjoch
ting fan it mienskipslokaal it maksimale ryksfergoedingsbedrach
as kredyt beskikber stelt.
Wy stelle jimme dan ek út in ekstra kredyt beskikber te stellen
foar de oanfoljende ynrjochting fan de mienskipsromte fan de bysündere
basisskoalle yn Warten en dêrta in beslút te nimmen, wêrfan it
Ontwerp foar jimme by de riedsstikken op besjen leit.
Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim,
de siktaris, de boargemaster,
P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.
<p