- 6 -
13. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor het bouw-
rijpmaken van een gedeelte van het industrieterrein te Akkruro.
De hear Van der Baan freget oft der, sjoen de earste rigel fan it útstel
ek wissichheid is oer de festiging fan bedriuwen.
De hear De Wolf wol it noch sterker stelle. De ynfestearring oanhâlde
oant wis is dat der ek bedriuwen komme.-
De hear Bethlehem freget him of as it útstel fan de hear De Wolf folge
wurdt oft it terrein dan noch wol op'e tiid bouryp makke wurde kin.
Wethâlder Breeuwsma seit dat it kolleezje der ek al rekken mei hâlden
hie dat it earst wis wêze moat dat der in bedriuw komt. Op dit stuit
liket it der op dat der in gadingmakker is. As it kredyt beskikber is,
dan kin der ek gau hannele wurde, oars moat der faaks te lang wachte
wurde
De hear De Wolf fynt it in goede saak dat it kolleezje in kredyt sa
ynterpretearret dat it útjûn wurde mei, mar net hoecht.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten.
14. Voorstel om een krediet beschikbaar te stellen voor het bouwrijp
maken van een deel van het bestemmingsplan Paulus Folkertsma Herne te
Oldeboorn.
Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel
besloten.
15. Utstel om nochris in beslút te nimmen oer de oanlis fan kearlussen
op de Bûtlânswei en de Harstawei.
De voorzitter zegt dat de op de tafels neergelegde brieven van dorps
belang Offingawier en van een aantal gezinnen uit Poppingawier bij dit
voorstel betrokken kunnen worden. Verder moet in de één na laatste regel
van de eerste pagina het woord 'legere' veranderd worden in 'hegere'.
De hear Van der Baan seit dat syn fraksje it mearderheidsstânpunt om
dit net troch gean te litten, stipet. Lykwols is hy fan betinken dat
it net in goede saak is dat de ried besluten nimt op grün fan tasizzings
dy't noch net rün binne. Ut dit utstel docht bliken dat it subsydzje
fan it ryk noch net wis is. Neffens him hat dat de leste kear net yn
it útstel stien. Fierder stelt hy út om der nei te stribjen dat der
op den doer in fytspaad njonken de Bûtlânswei oanlein wurdt.
De voorzitter vraagt hoe de heer Van der Baan zich de financiering daar
van UöörstëïtDe waarde van zo'n voorstel neemt alleen maar toe als
daarbij aangegeven kan worden waar de dekking gezocht moet worden.
De hear Stallinga stipet it útstel fan de mearderheid. It liket him
yndied better om op te hâlden as bliken docht dat it dochs net helle
wurdt. Wol is hy fan betinken dat der wat oan de situaasje op dy dyk
dien wurde moat. Der moat om alternativen socht wurde, mar dat moat
op in hoedene wize, om't hjir stadichoan in stik publisiteit efterwei
komt dêr't de gemeent gjin ferlet fan hat.
De hear Bouma seit dat der in hoart ferlyn op grün fan de te ferwachtsjen
effekten in posityf beslút nommen is oer de kearlussen.
Yntusken binne dy te ferwachtsjen effekten feroare. Der it útgien fan