- 8 - De hear Nieuwdam konstatearret dat de bydrage fan it ryk 70.000,= leger is as dêr't op rekkene wie. It kolleezje hat dêrom de ferdielmg op 'e nij besjoen en syn fraksje is bliid dat de bydrage foar de wenning- ferbettering in ein omheech giet. Sa't skynt is dêr wol belangstelling foar en de oanfragen moatte dan ek safolle mooglik honorearre wurde kinne. Sille der, no't it jild foar it midden- en lytsbedriuw foar dit jier allegear nei de D.E.M. giet, gjin ferrassings mear komme foar de gemeente? De hear Stallinga is it wol mei it útstel iens, mar ek hy hopet lyk as de hear Nieuwdam dat der gjin ferrassings mear út de hoeke fan it midden- en lytsbedriuw komme sille. Wethâlder Breeuwsma seit dat it kolleezje fan betinken is dat de saken dy't oanpakt wurde, dat dy goed dien wurde moatte. Dat hâldt yn dat as it Halbertsma's plein oanpakt wurdt dat dat ek goed moat en dan kin dat noch wolris mear kostje as no berekkene is. It idee dat mefrou Aukes nei foaren bringt om it gersfjild wat goed te hâlden en de gatten op te foljen is net sa raar. Yn de kolleezjegearkomste is dêr ek oer praat en oan gemeentewurken is frege om in ienfâldige oplossing te sykjen om yn elts gefal de auto's fan it gers óf te hâlden. It is it kolleezje ek ôffallen dat der 70.000,= minder binnen komt as tasein is. Dy 70.000,= moat út it programma helle wurde sa't dat al opsetten wie en dat is in ferfelende s^ak. It bedrach foar de wenning— ferbettering is oplutsen oant 225.000,= om't dat it bedrach wie dat yn 1985 hjir ek foar brûkt is. Om net it risiko te rinnen dat der healwei it jier gjin jild mear wêze soe, is ta dy ferheging besletten. It jild foar it midden- en lytsbedriuw is allegear fersein en der is fansels in kâns dat der noch ferrassings komme. Oan de oare kant binne der safolle administrative stappen nedich ear't in bedriuw yndied ferpleatst wurdt kin, dat dat meastentiids mear as in healjier tiid nimt. Dat hâldt yn dat it dan hast 1987 is en dan is der wer in nij budzjet. De hear Damsma fynt it mar in frjemde saak dat it jild foar de tarieding fan in doarpsfernijingsplan foar Jirnsum nei in healjier wer skrast wurdt. Neffens him hie it better west dat fuort nei it fêststellen fan it ferdielingsbeslút foar 1986 in wurkgroep de plannen foar Jirnsum taret hie, om't doe ek al bekend wie dat dy riolearring der komme soe. Dan hie der no wurk mei wurk makke wurde kind. Faaks foar deselde sinten. No is it wer óffierd en it is net te sizzen wannear't it wol trochgean sil. Sprekker konstatearret dat de ferpaupering fan it doarp troch giet. De hear Bethlehem seit dat him út ynformaasje bliken dien hat dat nije plannen foar 1 oktober yntsjinne wurde moatte. As dat sa is, sil dat dan ek barre? Fierder wurdt der alle jierren foar sosjale en kulturele ynstellings in bedrach fan 12.000,= reservearre. Neffens him hie it kolleezje allang op it idee komme kind om dêrfan it dak fan 'Medium' te reparearjen. Wethâlder Breeuwsma seit dat alle plannen foar doarpsfernijing foar Jirnsum gearhingje mei de fraach hoe't it mei de ranewei komme sil. Salang't dêr gjin definityf andert op kaam is, binne alle plannen en ynfestearrings weismiten jild. De ferkearssituaasje fan Jirnsum moat earst dúdlik wêze ear't der fierder wat dien wurde kin. Sprekker freget him óf hokker plannen de hear Bethlehem bedoelt, dy't foar 1 oktober yntsjinne wurde moatte. (De hear Bethlehem seit dat it om plannen giet dy't yn oanmerking komme kinne foar in útkearing út de knelpuntepot fan de provinsje). Sprekker andert dat dêrfoar al fjouwer projekten yntsjinne binne, wêrfan foar trije al in bydrage tasein is fan totaal sa'n 450.000,=. It probleem fan it dak fan 'Medium' wol hy noch graach ris yn it kolleezje beprate

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 11