GEMEENTE BOARNSTERHIM 4. Utstel oangeande it jaan fan nammen oan strjitten yn it bestimmingsplan Akkrum Noard-East. Oan de gemeenteried. Grou, 7 maaie 1986. De strjitten yn it bestimmingsplan Akkrum Noard-East moatte noch in namme ha. Wy hawwe advys frege oan de feriening fan Pleatslik Belang Akkrum/Nes, dy't op har beurt de geakundekommisje Boarnsterhim rieplachte hat. De advizen lizze by de riedstikken op besjen. Op grûn dêrfan stelle wy út de neifolgjende nammen fan strjitten fêst te stellen: a. Folkert Kuipersstrjitte (op kaart mei grien oanjQn); b. Willem Jehannes Koopmansstrjitte (giel); c. Dokter Idzerdastrjitte (read); d. Adam Hurdriderstrjitte (blau). Yn neifolging fan it advys fan Pleatslik Belang stelle wy ek foar op de strjittenammebuordsjes yn lytse letters in ferklearring op te nimmen oangeande de str jitte neamd Onder b. en d. Tekst (ek by Adam Hurdriderstrjitte) fansels yn it Frysk. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 19