5. Utstel ta it feroarjen fan strjit- nammen yn Grou. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 7 maaie 1986. Yn in gebiet súd-west fan it fersoargingshüs foar de alderein "Nij Friesmahiem" yn Grou wurdt op dit stuit drok boud. De nije wenten dy't dêr komme lizze yn it bestimmingsplan De Boeijer- Súd. De bouwerij hat in hiel set stil lein, mar no't de aktiviteiten nei de wiziging fan it bestimmingsplan wer wat tanommen binne, wurdt it tiid ek wat oan de strjitnammejouwing te dwaan. Net alline is der in strjitsje bykaam; mei de logika yn de nammejouwing is it ek net hielendiel yn oarder. Yn de praktyk hat nammentlik bliken dien dat it net maklik is om de adressen yn dit part fan Grou te finen. Dat is net allinne hj'ir 'sa, mar' ek yn it part fan it bestimmingsplan De Boeijer-Súd dat noardeastlik fan Nij .Friesmahiem leit. LykwolS dêr binne de huzen allegear klear en bewenne en yn it oanbelangjende part steane op dit stuit noch mar in stikmannich. Wolle wy ús yn it âlde part réde mei ferwizingsbuordsjes dy't it finen fan de adressen makliker meitsje moatte, yn de nije hoeke wolle wy^ de strjitnammen feroarje, no't dat noch mooglik is sunder grutte oerlest. Dy oerlêst is der foar it hantsjefol hjoeddeistige bewenners fansels wol en dy wolle wy ek net weiskriuwe, mar wy fine dochs dat no't it noch kin keazen wurde moat foar dúdlikens. Dat fine ek de bewenners seis, dy't op twa nei deselde kar dogge, en de takomstige bewenners dy't wy foar sa fier bekend frege hawwe. Is it systeem dat no brúkt wurdt dan sa unlogysk? Net foar dyjingen dy't fanút in helikopter in stúdzje meitsje fan it gebiet. Wol foar dyjingen dy't mei beide fuotten op'e grûn steane en in bepaald adres sykje. De net logyske opbou fan it jildende systeem sit him hjir yn, dat beide kanten fan ien en deselde strjitte in oare namme ha kinne (en faak ek hawwe). By de stikken leit in kaartsje fan de situaasje fan no. Ek fine jimme in kaartsje fan de situaasje dy't wy foar eagen hawwe. Gearfette, komt it der op del dat De Kûpe ynkoarte wurdt en ophâlde sil dêr wêr't men linksêf kin nei De Waring 1 o/m 6 en rjochtsôf nei de rest fan De Waring (rjochts twa wenten oan De Kûpe dus en links de wenten oan It Swurd)

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 20