-2- De Waring sil rinne fan de niisneamde trijesprong oant en mei de wenten fan de famyljes De Haan en Postma, dêrby de bûtenkant fan it bestimmingsplan folgjend. Fan lest bedoeld punt of oant it ferlingde fan De Boeijer (foar it grutste part is dit it nij oanleine strjitsje) kriget de strjitte de namme It Roer. It Qntbrekkende stikje kriget de namme De Boldert (dy't al yn gebrük is foar de oanleunwenten) Op it kaartsje, sa't it neffens ús wurde moat, binne de folgjende kleuren brûkt: - De Kûpe swart - It Roer read - De Waring giel - De Boldert grien. No't wy dêr dochs dwaande binne wolle*wy tagelyk utstelle it ferlingd® fan De Boeijer ek de Boeijer te neamen (blau) It oerlis mei bewenners en oansteande bewenners dat der west hat, hat as resultaat hân dat men unanym fan betinken wie dat de gemeente de kosten fan feroaring foar synrekkening nimme moat. Wij binne dat lykwols net fan betinken, omdat mei it feroarjen net alline in algemien belang tsjinne is, mar ek it persoanlike belang fan de bewenners (de adressen binne aanst better te finen). Fierders ha wy besocht de oerlêst sa folie mooglik te beheinen. Wy binne dêr - tinke wysels - yn slagge no't mar fan 2 wenten de strjitnamme feroaret. By de stikken leit ek in advys fan de geakundekommisje. Wy hawwe dat advys úteinliks net oernommen, omdat wy de foarkar jouwe oan de beheining fan de oerlêst. By it oernimmen fan it advys fan de geakundekommisje soene alle besteande wenten in oare strjitnamme krije. Ta eintsje beslút noch it folgjende. Wy binne it op foarhân iens dat ús útstel yn in blanko situaasje oars wêze soe. Wy hawwe rekkening hâlden mei de besteande bewenners sûnder dat de dúdlikheid der al te^ fan te li jen hat. Wol sille noch in pear buordsjesop minder "dúdlike" punten oanbrocht wurde, lykas in ferwizing nei De Waring op de trijesprong by Nij Friesmahiem (links— en rjochtsôf) en in ferwizing dat men foar it ferfolch fan it ferrin fan De Waring by De Boldert linksôf moat. Foar it oanbringen fan dy buordsjes wurdt soarge. Wy slagge jimme ried foar om de strjitnammen yn in gebiet súd-west fan it fersoargingshûs Nij Friesmahiem yn Grou te feroarjen en dêrta it beslút te nimmen dat yn untwerp by deriedsstikken leit. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de secretaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 21