-32. Utstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it bestjoer fan de feriening foar P.C.-basisûnderwiis fan Aldeboarn neffens kêst 74 W.B.U. foar it ta stân bringen fan in tillefoanoansluting. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 7 maaie 1986 Troch it bestjoer fan de feriening foar "Protestants Christelijk Basisonderwijs" fan Aldeboarn, is in fersyk yntsjinne om meiwurking neffens kêst 74 fan de Wet op it Basisûnderwiis (W.B.U.) foar it ta stân bringen fan in tillefoanoansluting. Neffens it bestjoer giet it om in technyske en funksjeferbetter- jende oanpassing. De oanfraach is troch ús hifke oan it advys fan de kommisjè Londo oer de bekostiging fan it basisûnderwiis. Wiidweidich is troch dy kommisje yngien op de fraach wat ferstien wurde moat Qnder tech nyske en funksjeferbetterjende oanpassings. It programma fan easken neamt in tweintich aktiviteiten dy't dêr ûnder falie. Kosten foar it oanlizzen fan in tillefoanoansluting wurde lykwols net neamd. Dat is wol it gefal by it ünderdiel boukundich programma fan easken foar de húsfesting fan de basisskoalle. Neffens de kommisje Londo falie de tillefoanoanslútkosten (ynklusyf liedings) ûnder húsfestings- foarsjennings (stiftingskosten) Yn jimme gearkomste fan 17 april 1984 is oan boppeneamde feriening meiwurking ferliend foar de bou fan in 4-klassige basisskoalle. Wy binne fan betinken, dat no't de kosten foar it oansluten fan tillefoan ûnder de bou- en stiftingskosten falie, de meiwurking al ferliend is troch jimme ried. Wy stelle jimme ried dein ek út om it fersyk fan it bestjoer fan de feriening foar P.C.-basisünderwiis fan Aldeboarn om meiwurking neffens kêst 74 fan de W.B.U. foar it oanlizzen fan in tillefoan oansluting yn it bysûndere skoalgebou oan de J. Douwemastrjitte 45 yn Aldeboarn, net üntfanklik te ferklearjen dan wol de meiwurking net te ferlienen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 58