- 2 - It liket ús it beste ta, dat foar de Master Wielsmaskoalle 65 nije sets oantúgd wurde. Dêrtroch komme dan 42 taffeltsjes en 39 stuoltsjes frij, dy't oer de oare skoallen ferdield wurde kinne. It minne meubilêr kin offierd wurde. De mooglikheid is oanwêzich, dat fia de service-ôfdieling fan Marko B.V. yn gearwurking mei de gemeente- ferver de ridlike sets opkalefatere wurde. Op sa'n foet binne dy meubels wer in oantal jierren brûkber. It meubiler yn'e bysûndere basisskoallen yn Warten en Aldeboarn kinne ynearsten hanthavene wurde. No is it sa, dat der in kar makke wurde kin tusken twa typen lear- lingesets. De iene set is ferstelber en de oare j.s dat net. Op fersyk fan jimme ried hat der op'en nij oerlis west mei de ynspek- teur foar it basisûnderwiis en de hear Boerema, skoaldokter by de D.G.D.-Schoterwerven yn Wolvegea. Punt dêr't it om gong wie yn hoefier binne ferstelbere learlingesets út medysk eachpunt wei besjoen better as sets, besteande út in stoel mei burootsje dy't net ferstelber binne. It materiaal dat oantúgd wurde moat is yn it foarste plak ornearre foar de boppebou. De hichte fan de sets is sadanich, dat de trochsneed learling him der goed mei réde kin. Fansels ha ferstelbere sets ek foardielen. In foardiel is, dat bygeiyks learlingen mei in handikap in soad baat hawwe kinne by in ferstelbere set. Dêrnjonken hawwe ferstelbere sets as neidiel, dat de bern it skriuw— blêd ferstellen kinne. Dus, omheech, omleech, draaie of sakje litte. Dat is bepaald net goed foar de rest yn de klas. Boppedat kinne de bern boartsjendewei mei de fingers beknypt reitsje. En last but not least, moatte de ferstelbere learlingesets oardel kear safolle jilde as de "gewoane learlingesets". Sadwaande binne wy fan betinken, dat de kar sawol út finansjeel as ûnderwiiskundich medysk eachpunt wei besjoen, beheind bliuwe moat ta learlingesets, besteande út in stoel mei burootsje. Der kin de trochsneed learling him skoan mei rede. Yn bûtengewoane gefallen kin dan op advys fan de skoaldokter ferstelbere learlinge sets oantúgd wurde-. Wanneart de learling dêr't de set foar ornearre is, nei ferrin fan tiid fan skoalle giet, dan giet de set werom nei de gemeente. Fierders is in brief útgien nei de iepenbiere basisskoallen om gegevens fan learlingen. De reaksjes fan gâns skoallen binne fer- wurke yn in oersicht dat foar jim by de stikken op bes jen leit. Fan de oare skoallen hawwe wy neat heard. Us konklusje is, dat de learlingen wat de hichte fan de sets oan- belanget yn in rom jaske sitte. Oangeande de nije sets, ha wy fan trije leveransiers fan learlinge sets Qnderskate typen ûndersocht. In oersjoch fan dy typen lizze foar jimme by de riedsstikken op besjen. Wy hawwe benammen achtslein op priis, kwaliteit en de service, dy't nei de tiid ferliend wurdt. Us konklúzje is, dat de twa béste typen learlingesets fan Marko B.V. binne. De foardielen fan dy meubels binne: in goede kwaliteit, de kostpriis 155,— it stik) leit tichteby de Londo-noarm 158,25) en men hat in goede service-ôfdieling. De modellen fan Marko B.V., dy't yn'e beneaming komme, binne typen 12A en 12B.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 60