- 3 - Wy merke yn dit ferbân noch op, dat de ôfskriuwingstermyn foar de taffeltsjes en stuoltsjes no 20 jier is en dat foar it ûnderhâld in fergoeding troch it ryk jûn wurdt. Op'en doer sille de bysûndere basisskoallen út'e jierlikse Onder- hâldsfergoeding fan it ryk op dit mêd seis nije meubels betel je moatte Gearfetsjend stelle wy jimme út in ekstra kredyt fan 10.075, (65 x 155, beskikber te stellen foar it oantúgjen fan 65 nije learlingesets neffens typen 12A en 12B fan Marko B.V. foar de Master Wielsmaskoalle te Grou en dêrta in beslút te nimmen, wêrfan it Ontwerp foar jimme by de riedsstikken op besjen leit. In dat Ontwerp- beslút is opnaam dat op advys fan de skoaldokter, as der ferlet fan is, de noadige ferstelbere sets oantúgd wurde kinne. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 61