fjouwer projekten. Foar trije krijt de gemeente wol subsydzje mar foar dit projekt net. Dat giet dan om in ekstra subsydzje. Der binne noch oare subsydzjemooglikheden op dit terrein, dus dat is ek in reden om no dochs wol troch te pakken. Fierder moat net fergetten wurde dat ït fûns steds- en doarpsfernijing foar ditsoarte saken ynsteld is. De hear Van der Baan seit dat de wethâlder him der net fan oertsjûge hat dat dit sa hastich moat. Der binne ek genôch oare projekten dy't yn oanmerking komme foar in bydrage út dat fûns steds- en doarpsfernijing. Fierder begrypt hy út it útstel dat it projekt wol oanmeld wurde sil foar in ekstra subsydzje út de knelpuntepot, mar de wethâlder jout fuort oan dat de gemeente dy subsydzje net krije sil. Dat hâldt yn dat der dus net op subsydzje rekkene wurde hoecht. Sprekker fynt de priis foar de grûn wol heech. Hy freget him of oft de gemeente oan dy priis bûn De hear Damsma seit as oanfolling dat hy net begrypt dat it kolleezje no seit dat der gjin subsydzjes beskikber komme, wylst yn it útstel stiet dat hja goede hope hawwe op 'bijdragen van enige omvang'. Wethâlder Breeuwsma seit dat de grûn-priis nei in taksaasje fêststeld is. Om't beide partijen it oer de taksaasje iens wiene liket it him ta dat oan dy priis neat mear feroarje kin. Dat dit sa hastich oanpakt wurdt, hat ek te krijen mei it feit dat it bedriuw útwreidzje wol. Efter it bedriuw is noch romte, mar as dêr earst noch in loads boud wurdt, sil de gemeente noch mear betel je moatte foar de oankeapYn it ramt fan de subsydzjeregeling 'voorwaardenscheppend beleid' wurdt ek noch subsydzje oanfrege, mar dy oanfraach moat yn gear- wurking mei it bedriuw dat ferpleatst wurde sil, yntsjinne wurde. De D.E.M. hat dêr al meiwurking oer tasein. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 6. Voorstel tot verkoop van een perceel industrieterrein aan de D.E.M. te Akkrum. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voprstel besloten. 7. Voorstel tot verpachting van weiland. De hear Nieuwdam seit dat syn fraksje it wol mei dit útstel iens is. Hy is lykwols wol nijsgjirrich nei de üntjouwingen dêr't yn de twadde alinea fan it útstel oer praat wurdt. Is dêr mear oer bekend? Wethâlder Breeuwsma seit dat dit de léste grQnen binne dy't offisjeel Ôfstjitten wurde moatte. Dêr moat noch wol ûndersyk nei dien wurde. Oer dy üntjouwingen is dus op dit stuit neat te sizzen. It is wol goed dat der yn de rin fan dit jier in útspraak dien wurdt oer it al of net ôfstj itten De hear Nieuwdam freget oft it by dy üntjouwingen om gemeentlik of om provinsjaal belied giet. Fierder wurdt yn it útstel neamd dat yn oktober in útstel komme sil oer in mooglike ferkeap. Wethâlder Breeuwsma seit dat it it doel is om dan in útstel klear te hawwen. It giet om gemeentel ik belied, om't it hjir giet om grQnen der t earder in tredde jachthaven pland wie. Yn de ôfdieling moat nochris dúdlik praat wurde oer de fraach oft alle grûn of in part fan de grûn ôfstjitten wurde moat. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 7