- 6 - 13. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor de uit voering van rioleringswerkzaamheden te Irnsum. De hear Damsma seit dat de beskikking oer de reserve doarpsfernijing Jirnsum formeel wol terjochte is om't yn de eartiids fêststelde nota ek de riolearring neamd is om it jild foar te brQken. Lykwols is der yndertiid dochs mear doeld mei doarpsfernijing op de wenten ensfh. Fierder moat Grousterdyk sûnder 'w' skreaun wurde. De hear Nieuwdam seit dat syn fraksje der bliid mei is dat der yn Jirnsum wer wat dien wurde sil. Hy freget him of oft de bewenners noch ynljochte wurde sille oer de oerlêst dy't kommendewei is. Hy freget him fierder of oft de kapasiteit fan de oansluting op de âlde riolearring by de wei nei it sportfjild wol grut genôch wêze sil. Hoe sil it fierder mei de kamping komme? Hoe komt it mei it fytspaad? Wat is de reden fan it opûnthâld? De hear Terra is bliid dat de riolearringssituaasje fan it yndustry- terrein oanpakt wurde sil. Op hokker wize sille de bedriuwen en de bewenners ynljochte wurde oer de oanlis fan de riolearring? Fierder freget sprekker him ek óf hoe't it mei it fytspaad komme sil. Wethâlder Breeuwsma is der bliid om dat de hear Damsma it der wol mei iens is dat de riolearring út de reserve doarpsfernijing Jirnsum-betelle wurde kin. By doarpsfernijing wurdt gau tocht oan dat wat men sjen kin: it opknappen fan wenten, mar in goede riolearring is ek tige wichtich en dêr moat mei begûn wurde. Neffens de berekkeningen is de kapasiteit grut genôch. It kin wêze dat der noch in persgemaal by boud wurde moat, mar dêr is sprekker net alhiel wis fan. Nei dizze beide fasen moatte der noch twa komme: de âlde kearn fan it doarp en it stik oan de noardkant en dêr heart ek de kamping by. De oanlis fan riolearring op it yndustryterrein is lykwols it wichtichst. De oanlis fan it fytspaad wurdt ophâlden troch de wurksumheden by de brêge. Dêr wurdt no sa njonkelytsen al hast oardel jier oan wurke. Lykwols hiene der yntusken wol tariedings foar de oanlis fan it trasee makke wurde kind. It kolleezje sil der nei fernimme wêrom't it dan dochs salang duorje moat. De foarljochting oan bewenners en bedriuwen sil jün wurde nei't de ried dit plan goedkard hat en it nei D.S. stjoerd is. It is wenst om de belang— hawwenden yn't foar goed op de hichte te bringen. De hear Nieuwdam wol noch graach fan de wethâlder hearre op hokker wize de minsken hjir by belutsen wurde sille. Hja hawwe der rjocht op om op koarte termyn te hearren wat der krekt dien wurde sil. Sprekker freget fierder oft by rykswettersteat ek frege wurde kin hokker knyppunten der noch binne yn ferbân mei it fytspaad en dat besjoen wurde kin wat de gemeente dêr seis oan dwaan kin. De hear Damsma fynt it spitich dat hjir net besocht is om wurk mei wurk te meitsjëïT Der wurdt in hiel stik strjitte opbrutsen en letter wer fluorre, mar hie it foarútrinnend op it doarpsfernijingsplan net mooglik west om hjir meardere wurken te kombinearjen? Hy seit fierder dat út syn ynformaasje bliken dien hat dat de planologyske kant fan it fytspaad noch net rûn is. Fierder soe it ryk it taseine jild earne oars oan útjün hawwe. Wethâlder Breeuwsma seit dat der foarljochtingsjûnen komme moatte en dat de minsken dêr mei al harren fragen telâne kinne. It moat op

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 9