- 3 - Oan de iene kant ûnderstreket dy útslach in fuortsetten fan in P.v.d.A./ C.D.A.-kolleezje, om't beide partijen gelyk bleaun binne. Oan de oare kant betsjutte de winst fan de V.V.D. dat der wol goed oerlis oer komme moast. Nei oerlis fan P.v.d.A. mei V.V.D. en C.D.A. hat de mearderheid fan de fraksje der foar keazen en bliuw mei it C.D.A. gearwurkjen. De minderheid wie foar gearwurking mei de V.V.D. Nei't alles nochris op in rychje set is (programma's, evaluaasje ofrune riedsperioadesprieding oer it gebiet) hat de P.v.d.A.-fraksje unanym keazen foar gearwurking mei it C.D.A. Sprekker hopet dat de petearen fan de ôfrûne wiken in grutte winst foar Boarnsterhim betsjutte sille. Utsein in pear prinsipiële ferskillen, wolle alle partijen foar de gemeente oan de gong, net tsjin inoar, mar meiinoar. Dat is in goede saak. Yn in neier oerlis tusken P.v.d.A. en C.D.A. binne ofspraken makke oer de haadsaken fan it kolleezjeprogramma en oer de wethâlderskandidaten. As kandidaten foar it wethâlderskip binne oanwiisd mefrou Bloem en de heren Poppen en Breeuwsma. De haadpunten út ik kolleezjeprogramma binne: - it sûn meitsjen en ferbetterjen fan de jildlike posysje fan de gemeente. Foar dit jier binne de belestings ferhege. Der sil besocht wurde dat safolle mooglik te beheinen, mar dat mei net op kosten gean fan de kwaliteit fan de tsjinstferliening oan de boarger; - sykje nei mooglikheden om de posysje fan de legere ynkommens, benammen de minima te fersterkjen; - útwreiding fan de wurkgelegenheid yn lânbou en rekreaasje en ôflate sektoaren besykje te befoarderjen - sun meitsjen fan it grünbedriuw, sprieding fan de bou en trochgean mei doarpsfernijing - in fierdereútwurking fan de nota frede en feiligens; - fierder gean mei it miljeubelied: boaiemsanearring, riolearring, werom bringen fan spuitsjen fan gif en struien fan sâlt; - útwreidzjen fan de sosjaal-kulturele foarsjenningsjongerein (perso- niele stipe), âlderein flankearjend belied mei personiele stipe), P.M.S.W. (rjochtsje op de wurkleazen); - sa grut mooglike iepenheid en iepenbierheid foar alle partijen yn de ried en maatskiplike organisaasjes Ta beslút seit sprekker dat dizze prioriteiten en de kontinuïteit fan it belied fierder útwurke wurde moatte as grûn foar de begrutting foar 1987 en de mearjierrenrûs oant en mei 1990. Foar it earste wethâldersplak stelt hy de hear Poppen kandidaat. De hear Krikke seit dat de kar fan de P.v.d.A. om mei it C.D.A. fierder te gean foar harren net sa fanselssprekkend is. Ek yn de P.v.d.A.-fraksje is men it der net alhiel oer iens. Der wurdt foarby gien oan it partijpro gramma dêr't yn stiet dat de P.v.d.A. der foar is dat it kolleezje fan B. en W. in ôfspegeling is fan de ferkiezingsútslach. By de ferkiezings helle de V.V.D. 1 sit winst, it C.D.A. bleau gelyk en de P.v.d.A. bleau de grutste partij en helle in mearderheid, mar it stimmental gie wol 0.2% efterút. De ferkiezingsútslach jout oan dat in gearwurking yn it kolleezje mei de V.V.D. de iennichste goede ôfspege- ling is. Yn de earste gearkomste dy't op útnoeging fan de P.v.d.A. hâlden is, oer de gearstalling fan it kolleezje hat syn partij twa útstellen dien. It earste útstel wie om te kiezen foar 2 wethâlders: 1 P.v.d.A. en 1 V.V.D. De boargemaster hat in trochslachjaande stim en hy is lid fan de P.v.d.A., dêrom dat útstel Derby komt noch dat it in jildlik foardiel foar de gemeente best jut. It twadde útstel wie, as it earste fersmiten wurde soe om te kiezen foar 1 P.v.d.A.-wethâlder, 1 V.V.D. en 1 C.D.A. It die bliken dat de mearderheid wol foar 3 wethâlders wie, mar de P.v.d.A. woe 2 wethâlders

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 21