- 4 - út har eigen partij Yn de neiere Qnderhannelingen hat de V.V.D. har stânpunt oer it programma foar de kommende fjouwer jier nei foaren brocht en dat is wol goed útfallen neffens sprekker, want de mieningen yn de P.v.d.A. runen wer útinoar. Dêrnei hat der noch in twadde gearkomste west, no mei V.V.D. en C.D.A. apart. Yn dy gearkomste hat de V.V.D. de folgjende prioriteiten foar de kommende perioade oanjün: - stimulearje wurkgelegenheid; - besykje ien loket yn te stellen foar it koördinearjen fan alle fer- gunningsprosedueres - in effisjint en motivearre wurkjend amtlik apparaat ta stân bringe; - goed oerlis tusken boargers/groepearrings en bestjoer, by wichtige saken sa betiid mooglik; - de dingen dwaan dyt fan direkt belang binne foar ús gemeente - it útjaan fan it gemeentlik jild hoeden ôfwage en derby moat foarop stean dat belestingferheging foar de boarger allinnich by uterste needsaak trochfierd wurde mei; - goed ûnderhâld fan diken; - trochgean mei doarpsfernijing; - útgeande fan de lykweardigens fan Frysk en Nederlânsk beide talen safolle mooglik njonken inoar bruke. As allinnich Frysk brûkt wurdt by bgl. foarljochting, wurde bepaalde groepen útsletten. Sjoen de foargeande punten en it feit dat de V.V.D ree is om ta in gear- wurking te kommen en mei de ferkiezingsútslach yn it omtinken is sprekker fan betinken dat in goede ôfspegeling in kolleezje mei de V.V.D. is. Yn de petearen is mefrou Aukes al as kandidate nei foaren skood. Syn fraksje hanthavenet de kandidatuer fan mefrou Aukes, ek om't hja tige geskikt is foar wethâlder, sjoen de ûnderfining dy't hja al hat. Hja is ree om yn it kolleezje mei de P.v.d.A. gear te wurkjen en hja wol har der folslein foar ynsette. De hear Stallinga seit dat der yn goed oerlis mei de P.v.d.A. foar keazen is om de hear Breeuwsma kandidaat te stellen foar in wethâldersplak. Hy hat alle respekt foar de wize wêrop dat oerlis farrûn is. Hy is ek bliid mei de útslach. De hear Breeuwsma hat yn it ferline sjen litten dat er syn saken op in rychje hat. Romtlike oardering en grûnbedriuw binne drege saken. Ek hat it grûnbedriuw de jildlike posysje fan de gemeente behearske en ôfhinklik fan de oanpak soe de gemeente yn in kêst-12 situaasje reitsje kinne. Lykwols is dat ope tiid keard en sprekker is der grutsk op dat de hear Breeuwsma der mei anneks west hat. Syn fraksje stipet de kandidatuer fan de hear Poppen. De hear Van der Baan seit dat de kwestje fan de wethâlderskandidaten net maklik west hat. It kandidaatstellen fan de hear Breeuwsma hat dochs wol fraachtekens oproppen. Der wiene in pear saken dy't syn fraksje net alhiel sinnigen. Mar de oare kant is dat it beswierlik is om al nei twa jier foar in oare wethâlder te kiezen. Hy hat noch net in goede kâns hân om syn posysje wier te meitsjen. Sjoen it oerlis dat der west hat, sil sprekker gjin beswier meitsje tsjin de kandidaatstelling fan de hear Breeuwsma. Hy hopet dat de hear Breeuwsma dan yn de kommende fjouwer jier de drege saken fan de romtlike oardering ta in goed ein breidzje sil. De voorzitter verzoekt mevrouw Watzema en de heren G. Bouma en Stallinga om het stembureau te vormen, waarna tot stemming over de eerste wethouders kandidaat wordt overgegaan. De uitslag luidt als volgt: 12 stemmen voor de heer Poppen, 4 stemmen voor mevrouw Aukes en 1 stem blanco.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 22