8 fan it tal learkrêften plak fine mocht. Troch it ministearje is in berekkening makke hoe grut dy útwreiding wurde koe en oan de hân fan in enkête is letter neigien oft dat ek sawat útkaam. Ut de enkête die bliken dat der 100 miljoen mear nedich wie as berekkene. Yn de berekkening fan it ministearje wie rekken hâlden mei in mindering fan 5% en as dat feroare wurde soe yn 11%, soe it jildlik ek wer klopje. Dat soe foar sa'n 1.400 ûnderwiiskrêften betsjutte dat hja oerstallich wurde. De Twadde Keamer hat him al unanym útsprutsen tsjin de plannen fan de steatssiktarisDer is ôfpraat dat yn de berekke ning 9% oanhâlden wurde sil en dat dy 1.400 minsken net fuortendaliks op strjitte komme, mar wol op langere termyn ôffloeie moatte. Yngeande it kommende skoaljier wurde dy ûnderwizers boppetallichIn boppetallige moat yn de earstkommende fakatuere beneamd wurde en dêrom is it net goed mooglik om him of har in fêste groep learlingen te jaan. Sa binne der minder learkrêften beskikber, dat hâldt yn gruttere groepen, in minder goed útfiere kinnen fan de taken yn de 'zorgbreedte' en faker in wikseling fan lesjouwer foar de groepen. Fanút it ûnderwiisfjild sille hjirtsjin aksjes fierd wurde en it liket sprekker goed dat de gemeente as bestjoer fan it iepenbier ûnderwiis it folgjende útsprekt: "De ried fan de gemeente Boarnsterhim, yn fergadering byinoar op 29 april 1986, sprekt hjirby út dat hja kennis nommen hat fan de besluten fan steatssikretaris Van Leijenhorst oangeande de schoolscoretoeslag dat hja bedoelde besluten yn striid achtet mei in kwalitatyf goed basis- skoalle dat hja de út dizze maatregels fuortfloeiende ûnrêst foarkomme wol, dat hja har tsjin de nommen maatregels útsprekt, benammen om't dizze maatregels de gemeente Boarnsterhim mei syn protte lytse doarpen dûbeld treft dat hja it kolleezje opdraacht dit stânpunt by eventuele aksjes út te dragen. De moasje wurdt ûnderskreaun troch alle partijen. De voorzitter vraagt wat de heer Bouma zich voorstelt bij het uitdragen van de acties. Daarbij zal waarschijnlijk ook behoren het ter kennis brengen aan de minister van onderwijs en de vast kamercommissie. De hear G. Bouma seit dat dat der ek ûnder fait. Fierder is der yn it Fryske ûnderwiisfjild in grutte reewilligens om aksje te fieren. Der sille op 14 maaie ek yn dizze gemeente aksjes te ferwachtsjen wêze en dêrom sil it gemeentebest j oer dêr ek mei konfrontearre wurde en der op reagearje moatte. Hjirnei wurdt de moasje sûnder persoanlike stimming oannommen. Hierna sluit de voorzitter om 20.55 uur de vergadering onder dankzegging voor de bijdragen in de discussie en de besluitvorming. Aldus vastgesteld in de openbare vergadering van 17 iuni 1986. De voorzitter,

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 26