GEMEENTE BOARNSTERHIM Notulen van de openbare vergadering van de raad der gemeente Boarnster- him, gehouden op 20 mei 1986, om 19.30 uur. Aanwezig: de dames D.J. Aukes-Huizinga, A.I. Bloem (wethouder), A. Faber-MintjesT. Watzema-de Leeuw en S. Zijlstra en de heren J.A. van der Baan, J.H. van den Berg, J. Bethlehem, G. Bouma, S. Bouma, A. Breeuwsma (wethouder), Y. Dotinga, A. KrikkeA. Nieuwdam, R.C. Poppen (wethouder) en J.F. Stallinga. Afwezig: mevrouw A. Zijlstra-de Vries. Voorzitterde heer B.G. Holtrop, burgemeester. Secretaris: de heer P.H. Starreveld. Opening. De voorzitter opent de vergadering en heet de aanwezigen welkom. Hij deelt mee dat mevrouw A. Zijlstra wegens vakantie verhinderd is deze vergadering bij te wonen. Hierna stelt hij aan de orde: 1. Notulen van de vergadering van 15 april 1986. De notulen worden ongewijzigd vastgesteld. 2. Ingekomen stukken. Punt 14: Mevrouw Aukes vraagt zich af wat het college in het behandelingsvoorstel voor de enquete van de Federatie van plaatselijke ondernemersverenigingen bedoelt met 'te zijner tijd betrekken bij het advies van de commissie b. en b. Er is volgens haar al een advies van die commissie. Zijn er nog meer adviezen te verwachten? De hear GBouma seit dat der ein ferline jier al in beslút nommen is oer de plaknammen. Der binne beswieren tsjin ynkomd fan ynwenners en no in enkête fan de bedriuwen, mei dêryn ek in protte beswieren. It is in goede saak dat de kommisje b. en b. dêr nei sjocht. Lykwols is der no hast alle moannen praat oer dat beslút en der binne in protte ûnwiere ferhalen yn omgong. It liket sprekker dat der fanút de gemeente in goede foarljochting jûn wurde moat. Alle kearen as syn fraksje dêr om frege hat it kolleezje dat ôfhâlden, om't hja earst in ynfieringsplan klear hawwe woeneDêr soe de foarljochting oan keppele wêze moatte. Syn fraksje hat it folgjende útstelyn de earstkommende gearkomste fan de earste êfdieling in taret stik oer de haadlinen fan it ynfierings plan oan de oarder stelle. Haadlinen dêryn sille de definitive fêst- stelling fan de Fryske plaknammen wêze. Dêr moat oerlis oer komme mei de oanbelangjende doarpen. Dêrnei in definitive datum fan ynfiering êfprate sadat de minsken genôch tiid hawwe om der op yn te spyljen. Oerlis mei alle ynstânsjes en ynstellingen dyt hjir by belutsen binne. As dat plan klear is kin ek de nedige foarl jochting jûn wurde sadat alle misbegripen einlings oprêden wurde. Oanheakjend by wat mefrou Aukes sein hat, konstatearret sprekker dat it der hjir om giet dat in riedsbeslút noch hyltyd net útfierd is. Der wurdt hyltyd ferwiisd nei in kommisje of in êfdieling. Dêr hoecht de útfiering fan dat riedsbeslút net op te wachtsjen. Hy hellet dêrom nochris syn útstel oan om op dy wize de útfiering fan dat beslút trochgean te litten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 27