- 3 - college nu verweten wordt dat niet aan de uitvoering van het besluit gewerkt wordt. Het standpunt van het college over het invoeringsplan was bekend. De commissie had daar misschien wat meer rekening mee moeten houden Spreker heeft er geen bezwaar tegen om in de eerstkomende vergadering van de eerste afdeling dit punt aan de orde te stellen en te bekijken welke stappen genomen kunnen worden betreffende een invoeringsplan. Hierna worden de ingekomen stukken voor kennisgeving aangenomen. 3. Mededelingen. Punt 3: De hear Van der Baan is der bliid mei dat it wurk fan de hear Lebecq yn it Frysk oerset wurdt. Ut dy stúdzje fan de hear Lebecq docht ek bliken dat de skiednis fan Fryslân sa't wy dy fanút de Hollânske skied- skriuwing kenne, net alhiel goed is. Mei dizze stúdzje wurdt dêrom in protte rjocht set. Dy skiedskriuwing kin ynspirearjend wurkje foar de fernijing fan de demokratisearring fan de Nederlânske Steat. It moat ek no noch om folken gean en net om steaten; dêrom soe in fiergeande regionalisaasje trochfierd wurde moatte. En in desintralisaasje nei de provinsje ta, om't dy de earst ferantwurdlike is foar de Fryske taal en kultuer. It belang hjirfan sil net fuort foar elts dúdlik wêze. Het lijkt de voorzitter beter dat dit soort uitwijdingen bij de algemene beschouwingen gehouden worden. Punt 7De hear Nieuwdam seit dat dit punt yn de gearkomste fan 15 april ek oan de oarder west hat. It kolleezje soe freegje wêrom't de oanlis sa lang duorje moat en oft der ek noch knyppunten yn dizze gemeente binne. Wat der yn de tuskentiid dien is, is net bekend, mar út de meidieling docht bliken dat der in ûnteigeningsproseduere op gong brocht wurde sil. Hy freget him óf oft it kolleezje ek noch wat ûndernimme sil om sa'n proseduere te omsilen. Wat is der yn it ferline besocht om it net safier komme te litten? Wethâlder Breeuwsma seit dat it hjir yn feite om in frij lytse saak giet. Der hat oerlis west mei Rykswettersteat en it kolleezje hat oanbean om yn dizze saak te bemiddeljen. It giet hjir om in boer dy't al twa hektare lân dat fuort by syn bedriuw leit, ynlevere hat. Der wie gjin kompinsaas jegrün foar. Hy is net ree om noch mear grun of te stean. Rykswettersteat wol ek it leafst in Qnteigeningsproseduere foarkomme. Der moat no noch in leste petear tusken de partijen komme en de gemeente sil der by wêze om as it nedich is te bemiddeljen. De hear Nieuwdam freget oft it kolleezje it der mei iens is dat it in tryste saak is foar de bewenners fan Meskenwier dy't hjirtroch grûn ferlieze Wethâlder Breeuwsma seit dat it kolleezje it dêr wol mei iens is. Dêrom wol it kolleezje ek meiprate en besykje in oplossing te finen. Trochdat der hoeken grun fan de hiemen of moasten sille de minsken yn harren privacy oantaast wurde. Foar dy grûn is lykwols wol oare grûn werom jûn. Dus yn opperflakte binne dy minsken der net op efterút gien. Punt 9: De hear Van der Baan freget wat de motivaasje fan it kolleezje is om dat fersyk óf te wizen. De voorzitter antwoordt dat dit verzoek is afgewezen omdat het niet voldoet aan de criteria die gehanteerd worden voor het geven van gemeente-

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 29