- 7 - 13. Voorstel tot benoeming van gemeentelijke vertegenwoordigers in bestuursorganen van gemeenschappelijke regelingen. De hear G. Bouma seit dat de ried akkoart giet mei de kandidaten foar de bestjoersskoalle Fryslân. Foar de Streekried Schoterwerven stelt hy as kandidaten: de hear J. van den Berg, de hear J. Bethlehem, de hear J.F. Stallinga, mefrou D.J. Aukes en mefrou T. Watzema. De ried giet ek akkoart mei de kandidaten foar it algemien bestjoer fan it wenweinskip Fryslân. Foar it algemien bestjoer Wurkfoarsjenningskip Súd-East Fryslân giet de ried akkoart mei de kandidaatstelling fan de boargemaster en stelt út as kandidaat foar lid fan dit bestjoer de hear J.F. Stallinga. As plakferfangende leden akkoart mei it kolleezje-útstel fan wethâlder R.C. Poppen en út de ried wurdt kandidaat steld de hear J.H. van den Berg. Foar it algemien bestjoer fan it Administratyf Sintrum Súd Fryslân jildt itselde as foar it algemien bestjoer fan it Wurkfoarsjenningsskip Foar it M.S.U. Fryslân is de ried akkoart mei de kandidaatstelling fan wethâlder mefrou A.I. Bloem. De ried stelt seis as twadde kandidaat de hear G. Bouma. Foar it algemien bestjoer fan de Jûnsskoallemienskip Súd-East Fryslân is de ried akkoart mei de kandidaatstelling fan wethâlder mefrou A.I. Bloem. De ried stelt as twadde kandidaat mefrou T. Watzema. As plakferfangers akkoart mei de kandidaatstelling fan wethâlder A. Breeuwsma, foar de ried wurdt kandidaat steld mefrou S. Zijlstra. Foar de N.F. Wetterlieding Fryslân is de ried akkoart mei de kandidaat stelling fan wethâlder R.C. Poppen as fertsjintwurdiger en de boargemaster as plakferfanger 14. Voorstel tot benoeming van leden in commissies. De hear GBouma stelt as kandidaat foar de kommisje iepenbiere bibleteek mefrou S. Zijlstra. Foar de sportried wurde de hearen J.F. Stallinga en G. Bouma kandidaat steld. De ried giet akkoart mei de kandidaatstelling foar de oare leden sa't op it stimbrief oanjûn is. Foar de kommisje wolwêzenswurk wurdt mefrou A. Zijlstra kandidaat steld. Foar de stjoergroep Projekt Minsken Sûnder Wurk is de ried akkoart mei de kandidaatstelling fan wethâlder mefrou A.I. Bloem. Seis stelt de ried as kandidaat mefrou S. Zijlstra. Foar de behearskommisje skoallemienskip Mid-Fryslân wurde kandidaat steld de froulju A. Zijlstra en T. Watzema. Foar de kommisje foar it organisearre oerlis stelt sprekker as kandidaten mefrou A. Faber, de hear S. Bouma en de hear J.F. Stallinga. As plak ferfangende leden wurde útsteld de hear J. van den Berg, mefrou T. Watzema en de hear Y. Dotinga. Hierna stelt de voorzitter voor om tot stemming over te gaan. Hij verzoekt mevrouw Watzema en de heren Nieuwdam en Van der Baan om het stembureau te vormen. Dan schorst hij om 20.45 uur de vergadering voor het tellen van de stemmen. De voorzitter heropent de vergadering om 20.55 uur en geeft het woord aan de heer Van der Baan voor de uitslag van de stemming. De hear Van der Baan seit dat der 16 stimbriefkes wiene. Op de neamde kandidaten binne op ien nei16 stimmen útbrocht. Op de hear Bethlehem as kandidaat foar de Streekried Schoterwerven binne 15 stimmen útbrocht; 1 stim wie blanko.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 33