- 10 - 20. Voorstel tot het nemen van een vijftal voorbereidingsbesluiten op grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. Alsvoren. 21. Voorstel tot vaststelling van de exploitatie-opzet behorende bij het bestemmingsplan Kom-Grouw, De Baai, 2e fase. De hear Van der Baan seit dat it tekoart û.o. dutsen wurde sil út de post steds- en doarpsfernijing foar 1987. Foar 1987 is lykwols noch net in ferdielingsbeslút bekend. Hy freget him of oft dan foar '87 de ferdieling foar in part fêst stiet. As dat sa is dan kin de ried gjin goede ôfwaging meitsje om't net bekend is hokker plannen der noch mear binne foar 1987. De hear Stallinga hie deselde fraach as de hear Van der Baan. Fierder konstatearret hy dat it hjir ek wer om in mûnlinge tasizzing fan de provinsje giet. Duorret it lang ear't soks befêstige wurdt? Wethâlder Breeuwsma seit dat der in mear j ierrenrûs west hat foar de doarpsfernijingsjilden. Sa goed as hy noch wit, soe de gemeente foar De Baai yn '87 in folie heger bedrach beskikber stelle, mar om't der troch de provinsje ek in part betelle wurdt, kin de bydrage fan de gemeente leger wêze. Dizze berekkeningen binne makke op grûn fan de tasizzingen dy't der dien binne. Der mei neffens him wol fanút gien wurde dat as der wat tasein wurdt dat dat ek troch giet. Lykwols is hy wol ree om der ris nei te fernimmen hoe't it mei de skriftlike befêsti- ging komt. De hear Van der Baan seit dat de wethâlder praat oer in mearjierrenrus Derby wurde neffens him gjin besluten nommen, mar it betsjut foar 1987 wol dat der no al plannen fêstlein wurdeHy fynt it spitich dat der gjin mooglikheid is om dit plan tsjin oare plannen of te wagen. Der is gjin oersjoch fan it totaal. Wethâlder Breeuwsma anderet dat wol bekend is dat it hjir giet om in bebouwingsfase dy't oer twa jier útspraat is. Fierder is der yn de ôfrûne gearkomste in beslút nommen oer de D.E.M. in plan dat ek oer in pear jier útspraat is. By sokke plannen moat der wol wurke wurde mei in mear- j ierrenrus, om der foar te soargjen dat de Qnt jouwing ek troch giet. It is yndied sa dat der dan foar it folgjende jier in part fan it jild fêstlein is. Mevrouw Aukes vraagt zich af of het bestemmingsplan voor dit gebied al vastgesteld is. De voorzitter antwoordt dat het bestemmingsplan binnenkort aan de orde zal komen, maar de vaststelling van de kavelprijzen kon niet wachten omdat de grondverkopen ook afgewikkeld moeten worden. Wethâlder Breeuwsma heakket der oan ta dat it yndied sa is dat earst it bestimmingsplan fêststeld wurde moat. Hjir giet it der om dat der fanwege de ekstra kontinginten op 'e tiid en dat is fuort nei de fakânsje, boud wurde moat. Dêrom moat de grûn no ferkocht wurde kinne. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 22. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van de uitwerking van het plan Akkrum-De Hemmen V. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 36