- 10 -
20. Voorstel tot het nemen van een vijftal voorbereidingsbesluiten op
grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening.
Alsvoren.
21. Voorstel tot vaststelling van de exploitatie-opzet behorende bij
het bestemmingsplan Kom-Grouw, De Baai, 2e fase.
De hear Van der Baan seit dat it tekoart û.o. dutsen wurde sil út de
post steds- en doarpsfernijing foar 1987. Foar 1987 is lykwols noch
net in ferdielingsbeslút bekend. Hy freget him of oft dan foar '87 de
ferdieling foar in part fêst stiet. As dat sa is dan kin de ried gjin
goede ôfwaging meitsje om't net bekend is hokker plannen der noch mear
binne foar 1987.
De hear Stallinga hie deselde fraach as de hear Van der Baan. Fierder
konstatearret hy dat it hjir ek wer om in mûnlinge tasizzing fan de
provinsje giet. Duorret it lang ear't soks befêstige wurdt?
Wethâlder Breeuwsma seit dat der in mear j ierrenrûs west hat foar de
doarpsfernijingsjilden. Sa goed as hy noch wit, soe de gemeente foar
De Baai yn '87 in folie heger bedrach beskikber stelle, mar om't der
troch de provinsje ek in part betelle wurdt, kin de bydrage fan de
gemeente leger wêze. Dizze berekkeningen binne makke op grûn fan de
tasizzingen dy't der dien binne. Der mei neffens him wol fanút gien
wurde dat as der wat tasein wurdt dat dat ek troch giet. Lykwols is
hy wol ree om der ris nei te fernimmen hoe't it mei de skriftlike befêsti-
ging komt.
De hear Van der Baan seit dat de wethâlder praat oer in mearjierrenrus
Derby wurde neffens him gjin besluten nommen, mar it betsjut foar 1987
wol dat der no al plannen fêstlein wurdeHy fynt it spitich dat der
gjin mooglikheid is om dit plan tsjin oare plannen of te wagen. Der
is gjin oersjoch fan it totaal.
Wethâlder Breeuwsma anderet dat wol bekend is dat it hjir giet om in
bebouwingsfase dy't oer twa jier útspraat is. Fierder is der yn de ôfrûne
gearkomste in beslút nommen oer de D.E.M. in plan dat ek oer in pear
jier útspraat is. By sokke plannen moat der wol wurke wurde mei in mear-
j ierrenrus, om der foar te soargjen dat de Qnt jouwing ek troch giet.
It is yndied sa dat der dan foar it folgjende jier in part fan it jild
fêstlein is.
Mevrouw Aukes vraagt zich af of het bestemmingsplan voor dit gebied
al vastgesteld is.
De voorzitter antwoordt dat het bestemmingsplan binnenkort aan de orde
zal komen, maar de vaststelling van de kavelprijzen kon niet wachten
omdat de grondverkopen ook afgewikkeld moeten worden.
Wethâlder Breeuwsma heakket der oan ta dat it yndied sa is dat earst
it bestimmingsplan fêststeld wurde moat. Hjir giet it der om dat der
fanwege de ekstra kontinginten op 'e tiid en dat is fuort nei de fakânsje,
boud wurde moat. Dêrom moat de grûn no ferkocht wurde kinne.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten.
22. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve
van de uitwerking van het plan Akkrum-De Hemmen V.
Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel
besloten.