- 15 - 32. Utstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it bestjoer fan de fer- iening foar P.C.-basisGnderwiis fan Aldeboarn neffens kêst 74 W.B.U. foar it ta stân bringen fan in tillefoanoansluting. Sûnder petear en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 33. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it oantúgjen fan 65 learlingesets Lyk as earder neamd. 34. Voorstel tot tariefsverhoging voor gebruikers van de sporthal 'De Twine De voorzitter zegt dat de brieven van de Stichting Sport- en activiteiten hal Utingeradeel en de Stichting Sportcentrum Grouw bij dit voorstel betrokken kunnen worden. Mefrou Faber seit dat har fraksje oer dit punt ferdield is. Oan de iene kant is der de soarch foar de sport en oan de oare kant de soargen oer it tekoart, de eksploitaasje en it needsaaklik ûnderhâld. It ferskil fan dat tsientsje is untstien doet de ynwenners foar de bou fan de hal in ton op 't kleed brocht hawwe. Yn Boarnsterhim is in nije situaasje untstien. Der binne twa sporthallen by kaam en dêrfoar hawwe de bewenners fan de oanbelangjende doarpen ek in fikse bydrage jûn en de eksploitaasje fan dy hallen is rûn, sûnder tekoarten. Wurdt de besteande situaasje hanthavene, dan bliuwt der in grutte ungelikensens bestean. Ek sjoen de tariven yn de omlizzende gemeenten tinkt sprekster dat it ynrinnen fan de tariven yn fjouwer jier ridlik is. It werombringen fan it tekoart is in goede saak en om de mearopbringst te brûken foar it ûnderhâld is hja it ek mei iens. De hear Bethlehem seit dat sa't de hear Yntema yn de brief fan de Sport- stifting Grou nei foaren bringt, it ferdwinen fan de gymmestykferienings yn Akkrum en Jirnsum net lein hat oan de ferhege tariven. Neffens him hat it ferdwinen fan dy ferienings mear te krijen hân mei de hâlding fan de bestjoeren as mei de ferhege tariven. De hear Stallinga seit dat syn fraksje it iens is mei dit útstel. It is in goede saak om de efterstân yn te rinnen en om de mearopbringst te reservearjen foar it Qnderhald. Om hjir no de situaasje fan de sporthal fan Akkrum by te heljen liket him net terjochte. Dy sporthal is op in oare wize ta stân kommen as yn Grou en de riedsleden hawwe net op foarhân de kâns hân om alle stikken dêrfan te besjen. De hear Van der Baan kin him ek wol fine yn it útstel. It liket him net terjochte dat de situaasje fan de Utingeradielhal hjir no by belutsen wurdt. By de bou fan dy hal hat it bestjoer der krekt op wiisd dat dy hal self-supportingwêze moatte soe. Dat de tariven lyk lutsen wurde is in goede saak, mar de beide sporthallen hawwe in oar ferline. By De Twine is fan it bejin of akseptearre dat der in tekoart wêze soe. De weryndieling is gjin reden om dy beide hallen gelyk te skeakeljen en dêrom is sprekker it der net mei iens dat de Utingeradielhal yn de diskusje behelle wurdt. Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie het met dit voorstel eens is. Uit informatie bij de voorzitter van de Utingeradeelhal is haar gebleken dat daar per 1 augustus a.s. de tarieven fors omhoog moeten om geen

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 41