- 15 -
32. Utstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it bestjoer fan de fer-
iening foar P.C.-basisGnderwiis fan Aldeboarn neffens kêst 74 W.B.U.
foar it ta stân bringen fan in tillefoanoansluting.
Sûnder petear en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel
besletten.
33. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it oantúgjen fan 65
learlingesets
Lyk as earder neamd.
34. Voorstel tot tariefsverhoging voor gebruikers van de sporthal 'De
Twine
De voorzitter zegt dat de brieven van de Stichting Sport- en activiteiten
hal Utingeradeel en de Stichting Sportcentrum Grouw bij dit voorstel
betrokken kunnen worden.
Mefrou Faber seit dat har fraksje oer dit punt ferdield is. Oan de iene
kant is der de soarch foar de sport en oan de oare kant de soargen oer
it tekoart, de eksploitaasje en it needsaaklik ûnderhâld. It ferskil
fan dat tsientsje is untstien doet de ynwenners foar de bou fan de
hal in ton op 't kleed brocht hawwe. Yn Boarnsterhim is in nije situaasje
untstien. Der binne twa sporthallen by kaam en dêrfoar hawwe de bewenners
fan de oanbelangjende doarpen ek in fikse bydrage jûn en de eksploitaasje
fan dy hallen is rûn, sûnder tekoarten. Wurdt de besteande situaasje
hanthavene, dan bliuwt der in grutte ungelikensens bestean. Ek sjoen de
tariven yn de omlizzende gemeenten tinkt sprekster dat it ynrinnen fan
de tariven yn fjouwer jier ridlik is. It werombringen fan it tekoart
is in goede saak en om de mearopbringst te brûken foar it ûnderhâld
is hja it ek mei iens.
De hear Bethlehem seit dat sa't de hear Yntema yn de brief fan de Sport-
stifting Grou nei foaren bringt, it ferdwinen fan de gymmestykferienings
yn Akkrum en Jirnsum net lein hat oan de ferhege tariven. Neffens him
hat it ferdwinen fan dy ferienings mear te krijen hân mei de hâlding
fan de bestjoeren as mei de ferhege tariven.
De hear Stallinga seit dat syn fraksje it iens is mei dit útstel. It
is in goede saak om de efterstân yn te rinnen en om de mearopbringst
te reservearjen foar it Qnderhald.
Om hjir no de situaasje fan de sporthal fan Akkrum by te heljen liket
him net terjochte. Dy sporthal is op in oare wize ta stân kommen as
yn Grou en de riedsleden hawwe net op foarhân de kâns hân om alle stikken
dêrfan te besjen.
De hear Van der Baan kin him ek wol fine yn it útstel.
It liket him net terjochte dat de situaasje fan de Utingeradielhal hjir
no by belutsen wurdt. By de bou fan dy hal hat it bestjoer der krekt
op wiisd dat dy hal self-supportingwêze moatte soe. Dat de tariven
lyk lutsen wurde is in goede saak, mar de beide sporthallen hawwe in
oar ferline. By De Twine is fan it bejin of akseptearre dat der in tekoart
wêze soe. De weryndieling is gjin reden om dy beide hallen gelyk te
skeakeljen en dêrom is sprekker it der net mei iens dat de Utingeradielhal
yn de diskusje behelle wurdt.
Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie het met dit voorstel eens is. Uit
informatie bij de voorzitter van de Utingeradeelhal is haar gebleken
dat daar per 1 augustus a.s. de tarieven fors omhoog moeten om geen