GEMEENTE BOARNSTERHIM 12. Beswierskriften K. Hooisma en J. van der Horst en frou tsjin riedsbeslút ynfieren Fryske doarps- nammen. Oan de gemeenteried. Grou, 6 juny 1986. Hjirby jouwe wy jimme rie ús útstel om in beslút te nimmen op twa beswierskriften tsjin it beslút fan de rie fan 19 novimber 1985 om Frysktalige plaknammen yn'e gemeente Boarnsterhim yn te fieren. De beswierskriften komme fan de hear K. Hooisma fan Alde- boarn en fan de hear en mefrou J. van der Horst-Van der Veen fan Grou. De kommisje foar de berops- en beswierskriften hat yn syn stik fan 27 maaie 1986 oer de oanbelangjende kwestje advisearre. Wy stelle jimme út om dat advys oer te nimmen. Ut formele redens moatte de beswierskriften net-ûntfanklik fer- klearre wurde. Foar it hoe en wêrom ferwize wy nei it advys fan'e kommisje De kommisje is fierders fan betinken dat jimme rie de beswierskriften besjen kin as in berop fan'e boarger op syn rjocht fan petysje. Sadwaande moat neigongen wurde oft der troch de boarger ek nije feiten en omstannichheden ynbrocht binne dyt by earder hifkjen net of amper in rol spylje koene. Wy konkludearje, nei't wy it proses-ferbaal fan'e sitting fan'e kommisje rieplachte hawwe, dat der gjin nije feiten en omstannich heden oan't ljocht kommen binne. Jimme rie hat yn syn gearsit fan 19 novimber 1985 alle bekende feiten yn syn berie meinommen. Dy konklúzje kin ek lutsen wurde yn ferbân mei de enkêtes fan de Federatie van plaatselijke ondernemersverenigingen in Boarnsterhim en pleatslik belang Jirnsum en it brief fan de hear P.W. Deelstra fan Grou, dyt dêr yn jim beslút stipet. De trije stikken fan hjirboppe binne koartlyn oan ús kolleezje oanbean Wy sprekke út dat wy ree binne om by it opstellen fan in ynfierings- plan safolle mooglik mei de ynbrochte beswieren rekken te hâlden. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 59