24. Utstel om in oersjoch fêst te stellen oangeande foarsjennings yn'e húsfesting fan iepenbiere en bysûndere basisskoallen yn Boarnsterhim foar it tiidrek 1987 oant en mei 1990. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de ried. Grou, 6 juni 1986. Op grûn fan kêst 65 fan'e Wet op it Basisûnderwiis moat jimme rie alle jierren foar 1 oktober foar de iepenbiere en bysûndere basis skoallen yn ús gemeente it saneamde "Overzicht Vermeerdering Huisves ting" (O.V.H.fêststelleIt giet hjir om it fermearderjen fan ûnderskate foarsjennings yn'e húsfesting fan dy skoallen, sa as nijbou, ferfangende nijbou útwreiding fan in skoalgebou of it yn gebrûk nimmen fan oare gebouwen foar it basisûnderwiisUnder dy foarsjennings falie ek folsleine en parsjele oanpassings fan in skoalgebou, mar ek yngripend ûnderhâld en it meitsjen fan kon- struksjefouten. Dêrnjonken moat ek neamd wurde de earste ynrjochting fan in basisskoalle mei it ûnderwiislearpakket en meubilêr. It oersjoch omfiemet gewoanwei in perioade fan 3 jier, dy't begjint by it twadde jier, neidat it fêststeld is. It foechhawwend gesach fan in bysûndere skoalle, dat ien of mear fan dy foarsjennings ha wol, moat datoangeande foar 1 april in oanfraach by de gemeente yntsjinje. Foar de jierren 1987 oant en mei 1990 jildt (foar ien kear) in aparte regeling yn ferbân mei de ynfieringsproblematyk op dat mêd. Der moat foar dizze kear rekken hâlden wurde mei de folgjende datums. 1 april 1986: foar dy datum koe it bysûnder ûnderwiis syn plannen by de gemeente yntsjinje. 1 juli 1986: foar dy datum moat it húsfestingsoersjoch fêststeld wurde 1 augustus 1986: foar dy datum moat it húsfestingsoersjoch ynstjoerd wurde oan'e ôfdieling B.U/Húsfesting fan it ministearje fan Qnderwiis en wittenskippenFoar lêstneamde datum kin it bysûnder Qnderwiis ek syn plannen skriftlik taljochtsje, wannear't de gemeenterie fan betinken is, dat de foarsjenning net needsaaklik is. Binnen 6 moanne (ferlinging oant 9 moanne is mooglik) nei untfangst moat de minister beslute foar foarsjennings, dy't frege binne foar 1987. Oangeande foarsjennings foar 1988 moat de bewâldsman in beslút nimme binnen 10 moanne (ferlinging oant 13 moanne is mooglik). As de minister net binnen dy terminen in beslút ninrc dan is it húsfestingsoersjoch goedkard. Wannear't de minister in beslút nimt, dat ôfwykt fan it oersjoch, moat er earst oerlizze mei boargemaster en wethâlders en by de bysundere skoallen mei it skoalbestjoer Der is berop mooglik ope Kroan (kêst 51 W.B.U.).

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 79