24. Utstel om in oersjoch fêst te
stellen oangeande foarsjennings
yn'e húsfesting fan iepenbiere
en bysûndere basisskoallen yn
Boarnsterhim foar it tiidrek
1987 oant en mei 1990.
GEMEENTE BOARNSTERHIM
Oan de ried.
Grou, 6 juni 1986.
Op grûn fan kêst 65 fan'e Wet op it Basisûnderwiis moat jimme rie
alle jierren foar 1 oktober foar de iepenbiere en bysûndere basis
skoallen yn ús gemeente it saneamde "Overzicht Vermeerdering Huisves
ting" (O.V.H.fêststelleIt giet hjir om it fermearderjen fan
ûnderskate foarsjennings yn'e húsfesting fan dy skoallen, sa as
nijbou, ferfangende nijbou útwreiding fan in skoalgebou of it
yn gebrûk nimmen fan oare gebouwen foar it basisûnderwiisUnder
dy foarsjennings falie ek folsleine en parsjele oanpassings fan
in skoalgebou, mar ek yngripend ûnderhâld en it meitsjen fan kon-
struksjefouten. Dêrnjonken moat ek neamd wurde de earste ynrjochting
fan in basisskoalle mei it ûnderwiislearpakket en meubilêr. It
oersjoch omfiemet gewoanwei in perioade fan 3 jier, dy't begjint
by it twadde jier, neidat it fêststeld is.
It foechhawwend gesach fan in bysûndere skoalle, dat ien of mear
fan dy foarsjennings ha wol, moat datoangeande foar 1 april in
oanfraach by de gemeente yntsjinje.
Foar de jierren 1987 oant en mei 1990 jildt (foar ien kear) in
aparte regeling yn ferbân mei de ynfieringsproblematyk op dat mêd.
Der moat foar dizze kear rekken hâlden wurde mei de folgjende datums.
1 april 1986: foar dy datum koe it bysûnder ûnderwiis syn plannen
by de gemeente yntsjinje.
1 juli 1986: foar dy datum moat it húsfestingsoersjoch fêststeld
wurde
1 augustus 1986: foar dy datum moat it húsfestingsoersjoch ynstjoerd
wurde oan'e ôfdieling B.U/Húsfesting fan it ministearje fan Qnderwiis
en wittenskippenFoar lêstneamde datum kin it bysûnder Qnderwiis
ek syn plannen skriftlik taljochtsje, wannear't de gemeenterie
fan betinken is, dat de foarsjenning net needsaaklik is.
Binnen 6 moanne (ferlinging oant 9 moanne is mooglik) nei untfangst
moat de minister beslute foar foarsjennings, dy't frege binne foar
1987. Oangeande foarsjennings foar 1988 moat de bewâldsman in beslút
nimme binnen 10 moanne (ferlinging oant 13 moanne is mooglik).
As de minister net binnen dy terminen in beslút ninrc dan is it
húsfestingsoersjoch goedkard. Wannear't de minister in beslút nimt,
dat ôfwykt fan it oersjoch, moat er earst oerlizze mei boargemaster
en wethâlders en by de bysundere skoallen mei it skoalbestjoer
Der is berop mooglik ope Kroan (kêst 51 W.B.U.).