- 2 - Behalven yn kêst 65 en folgjende fan de Wet op it BasisOnderwiis is de wetlike basis foar neamde foarsjennings fêstlein yn it Hús- festingsbeslút W.B.U. (steatsbled 1986, nu. 94). Op grûn fan dat beslút moat foar it fêststellen fan it húsfestingsoersjoch gebrûk makke wurde fan in model, dat troch de minister fêststeld is. Dat model is opnommen yn'e brosjuere "Huisvesting Basisonderwijs", dy't it ministearje fan ûnderwiis en wittenskippen tastjoerd hat oan'e gemeenten en skoalbestjoeren, mar ek oan alle skoallen fan it basisûnderwiisDe skoallen is fersocht dy brosjuere ûnder de oandacht fan de meisizzenskipsrieden te bringen. Dy brosjuere jout in aktueel byld fan'e regelingen oangeande it húsfestingsbelied, sa't dat troch it ministearje fan ünderwiis en wittenskippen fierd wurdt. Dêrby kriget ek de pleatslike oerheid in dúdlike funksje. Yn'e brosjuere is oanjûn, dat de húsfestingsfoarsjenningsOnder mear fanwegen it nije bekostigingssysteem, wat feroarje sille. Dêrnjonken is keazen foar in planmjittige oanpak; yn it algemien sil foar dy foarsjennings gjin yndividuele oanfragen by it mini stearje yntsjinne wurde kinne. Fierders binne de kriteria foar tawizing fan húsfestingsfoarsjennings hjir en dêr wat wizige. Nettsjinsteande dy wizigingen bliúwe as haadlinen fan belied de folgjende útgongspunten fan krêft: a. de oanwêzige húsfestingskapasiteit moat safolle mooglik benutte wurde b. by nijbou wurdt rekken holden mei de doer, wêrfoar yn it gebou ünderwiis jûn wurde moat; c. ferfanging fan besteande gebouwen is inkeld en allinne mooglik as dat folslein needsaaklik is; d. ferbouwings moatte beheind wurde ta dy saken, dy't folslein needsaaklik binne foar it fuortsetten fan it ünderwiis (parsjele en folsleine oanpassings) of saken, dy't technyske binne (yn- gripend ûnderhâld). Yn begjinsel sil eltse skoalle, dy't neffens de kriteria romte nedich hat, gty romte krije. Dat betsjut dat foar elk struktureel ferlet (op syn minst 15 jier) yn prinsipe permaninte foarsjennings be- kostige wurde sille. Yn dat ferbân kinne ek leechsteande romten brûkt wurde as dy binnen in ridlike öfscân lizze fan'e basisskoalle (1.500 m) Foar in tydlik ferlet kinne needlokalen of oare romten oanwiisd wurde. Fierders is it húsfestingsbelied der op rjochte om de basisskoalle yn ien gebou Onder te bringen. Dat is nedich om de Onderwiiskundige doelen fan'e W.B.U. te ferwêzenlikjen, sa wurdt troch de steats- siktaris yn'e brosjuere oanjûn. Dêrby wurdt lykwols opmurken, dat it op dit stuit finansjeel net mooglik is om eltse basisskoalle, dy't no noch skieden Onderdak hat, út te wreidzjen en oan te passen. Dêrom sil de yntegraasje fan'e hüsfesting in proses wêze, dat noch wol yn'e njoggentiger jierren trochgean sil. Yn it algemien sil dy yntegraasje net earder ta stân komme kinne, wannear't him ien fan de folgjende situaasjes foardocht: 1. as de hiele basisskoalle yn'e haadfestiging Onderbrocht wurde kin

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 80