- 3 - 2. as de basisskoalle in omfang krigen hat, dy't nei ferwachte wurde mei op langere termyn sawat gelyk bliuwe sil; 3. as in boukundige foarsjenning op koarte termyn nedich is, om't it der mei ien fan de húsfestingsûnderdielen fan'e basisskoalle min foar stiet; 4. of as in grutte en dêrtroch mar foar in part brûkte byromte út dy reden ôfstjitten wurde kin. Mei it each ope kosten sil it ien en oar fasearre útfierd wurde moatte Yn it húsfestingsoersjoch kin oanjûn wurde hokker wurk it meast driuwt. Dêrby wurdt rekken hâlden mei neamde punten (1 o/m 4). As dat bart, sil de minister dy prioriteit safolle mooglik folgje. Wy merke noch op, dat de Wet op it Basisûnderwiis fia kêst 70 ek in mooglikheid jout om in permaninte foarsjenning oan te freegjen bûten it "Oersjoch Fermeardering Húsfesting" om. Dan moatte der wol bysûndere omstannichheden yn't spul wêze. Foar it tastânbringen fan tydlike foarsjennings ferwize wy nei de kêsten 71 o/m 73 fan'e Wet op it Basisünderwiis Wannear't it ministearje (ôfdieling B.U./húsfesting) in foarsjen- ningsoanfraach goedkard hat, kin it bouplan útfierd wurde. It bouplan sil foldwaan moatte oan'e easken fan it Boubeslút W.B.U. (Steats- blêd 1985, nú. 515) en wurdt fierders it advys fan'e ynspekteur fan it basisünderwiis frege. De fergoedings dy't troch it ryk foar hüsfestingsfoarsjennings oan'e gemeenten jûn wurde of binne, wurde op'e jierlikse programs fan easken inte (Bekostigingsbeslút W.B.U./O.W.B.U.It giet om'e stiftingskosten of om'e kosten, dy't der nau mei gearhingje. Fia in individuele beskikking wurdt oanjûn op hokker fergoeding oanspraak makke wurde kin. De fergoeding kin de kosten hoedzje. Foar mear bysûnderheden ferwize wy jimme nei neamde brosjuere "Huis vesting Basisonderwijs" en nei it rünskriuwen fan 11 april 1986 fan'e Feriening fan Nederlanske Gemeenten, dy't foar jimme by de riedsstikken op besjen lizze. Mei achtslaan fan it boppesteande binne wy fan betinken, dat de folgjende iepenbiere basisskoallen yn ús gemeente foar de jierren 1987 oant en mei 1990 foar hüsfestingsfoars jennings yn'e beneaming komme. Tusken skrapkes it jier dat de ütfiering winsklik is. 1Juf Boeremaskoalle te Akkrum. Ferfanging fan it needlokaal troch in boarterslokaal en de bou fan in dokumentaasjeromte en in learmiddelberging (1987). 2. Master Wielsmaskoalle te Grouw. Ferfanging fan'e dislokaasje "It Roefke", dat net al te bést mear is. Troch boukundige oanpassings fan it haadgebou sil de "ûnderbou" (eardere beukerôfdieling) dér ek yn ûnderbrocht wurde moatte (1989-1990). 3De Trije Doarpenskoalle te Roardhuzum. Ferfanging fan de dislokaasje "De Bernewrâld" en it needlokaal. Troch boukundige foarsjennings sil de "ünderbou" Onderdak krije moatte yn it haadgebou (1988-1989).

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 81