- 4 - 4. J.H. Nieuwoldskoalle/St. Martinusskoalle te Wergea. Dizze iepenbiere en bysûndere skoalle binne ünderbrocht yn in mienskiplik gebou. Der wurdt troch beide skoallen ek gebrûk makke fan'e dislokaasje "It Stolpke"dat der lykwols min oan ta is. Foar in úteinlingse oplossing sil it haadgebou útwreide wurde moatte en de dislokaasje ôfbrutsen (1987-1988). 5. Kristlik Nasjonale Basisskoalle te Tersoal. It bestjoer fan dy skoalle freget om útwreiding fan syn skoalle mei it fjirde lokaal (1987). Wy hawwe ek dy foarsjenning yn it ûntwerp-O.H.V. opnommen. Yn'e oersichten, dy't by de riedsstikken op besjen lizze, is oanjûn om hokker foarsjennings it krekt giet by dy skoallen. Foarsafier nedich binne learlingeprognoases opmakke en hat der oerlis west mei de meikediezingsrieden. Wy jouwe jimme noch yn omtinken, dat jimme yn'e gearkomste fan 19 maart 1985 it saneamde oergongshúsfestingsoersjoch foar de iepenbiere en bysûndere basisskoallen, dy't yngeande 1 au gustus 1985 foarme binne, fêststeld ha. Yn dat oersjoch is yn'e regel ek al beskreaun om hokker foarsjennings it by de "basis skoallen yn ús gemeente giet. Nei oanlieding fan ien en oar bringe wy jimme foar de oandacht, dat jimme rie de ôfrûne tiid yn it ramt fan de húsfesting fan'e basisskoallen yn ús gemeente al in tal besluten nommen hat op grûn fan kêst 42 fan'e Oergongswet Wet op it Basisûnderwiis Foar de boukundige foarsjennings, dy't dy besluten beëagje, hat de minister fan ûnderwiis en wittenskippen ûnderwilens ta- stimming jün. Mei ynachtnimming fan it boppesteande stelle wy jimme út foar de jierren 1987 oant en mei 1990 it "Oersjoch Fermeardering Húsfesting" iepenbiere en bysûndere basisskoallen foar út gemeente fêst te stellen en dêrta in beslút te nimmen, wêrfan it üntwerp foar jimme by de riedsstikken op besjen leit. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 82