25. Utstel om in bydrage beskikber te stellen foar it oantúgjen fan lear middels foar it skoalswimunderwiis yn Terherne. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 6 juny 1986. Yn jim gearkomste fan 11 maart 1986 is besluten dat de skoallen yn de eardere gemeente Utingeradiel simmerdeis mei 6 groepen foar eltse skoalle yn it iepenloftswimbad bliuwe kinne. Mei op grûn fan dat beslút is troch de skoalswimkommisje in fersyk yntsjinne om in finansjele bydrage foar it oantúgjen fan learmid dels foar it swimûnderwiisde saneamde "wiete gymnastyk". Neffens de kommisje binne de learmiddels nedich om it skoalswimûnderwiis folslein ta syn rjocht komme te litten. De kosten dy't dêrmei muoit binne, wurde rûsd op sa'n 1.710, Sûnt 1983 wurdt yn Terherne mei in fernimstich swimprogram wurke,- dat yn gearwurking mei de ûnderwiisynspeksjeâlders, personiel en swimbadpersoniel gearstald is. Oant no ta foldocht it skoal— swimmen neffens de nije opset tige skoan. Yndertiid is der by de gemeente Utingeradiel in oanfraach yntsjinne om in ekstra kredyt foar it oantúgjen fan learmiddels foar it skoal- swimünderwiis. De boat is doe ôfhâlden troch de gemeente mei it each op de gemeentlike weryndieling, sadat der doe gjin ekstra jildmiddels beskikber steld binne. De motivaasje wie, dat de gemeent like weryndieling foar de doar stie en yn dat ramt wie men der net foar om ekstra jildmiddels foar it swimûnderwiis út te lûken. Dêrfandinne dat no op'en nij in oanfraach yntsjinne is troch de skoalswimkommisj e Sa't ek út it "raamplan skoalswimünderwiis" bliken docht, hat it program mei ünderstiping fan de nedige learmiddels de measte kâns fan slagjen. It belang fan de learmiddels komt dêryn dúdlik ta útering. Wy binne dan ek fan betinken, dat it "swimprogram" de nedige stipe fertsjinnet. Wy miene dat ta útering bringe te moatten troch in bydrage fan 1.000,yn ien kear beskikber te stellen oan de skoalswimkommisjeDat hâldt yn, dat foar eltse skoalle in bedrach fan 200,ekstra beskikber steld wurdt. Wat men mear nedich is, moatte de skoallen/skoalswimkommisje neffens ús seis oansu- verje, bygelyks út it learmiddelsbudzjet. De bydrage kin betelle wurde út de post "ûnfoarsjoen" Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 83