26. Utstel om oan de "St. Martinus school" yn Wergea meiwurking op grûn fan kêst 74 fan de W.B.U. te ferlienen foar it oantúgjen /fergangen fan in radio-cassette- recorder. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de ried. Grou, 6 juni 1986. De bysûndere basisskoalle "St. Martinusschool" te Wergea hat in fersyk yntsjinne om op grûn fan kêst 74 fan de Wet op it basisûnder- wiis meiwurking te ferlienen in radio-cassetterecorder oan te túgjen. Troch it bestjoer fan de "St. Martinusschool" is alris earder meiwur king frege om in radio-cassetterecorder oan te túgjen. Yn jim gearkom- ste fan 17 desimber 1985 is besletten de frege meiwurking net te ferlienen, om't alris earder in kredyt beskikber steld is foar it oantúgjen fan in band-recorder. Sa't ek út it brief fan 17 april 1986 fan de "St. Martinusschool" bliken docht, wie de radio-cassetterecorder lykwols stellen. Dêrfan wie by de earste oanfraach gjin melding makke, sadat mei dy omstannichheid ek gjin rekken holden is. It feit dat der sprake west hat fan stellerij jout in hiel oare draai oan'e saak. De gemeente is nammentlik risikodrager en moat dus foar de kosten opdraaie. Wy hawwe gjin fersekering ôfsluten om't it risiko fan (yn)braak net sa grut is. Mocht dat mei de tiid al oars wurde, dan kin altyd noch in fersekering ôfsluten wurde. No't de skea net ferhelle wurde kin op in "tredde" bygelyks op in fersekeringsmaatskippi jstelle wy jimme ried út om de frege meiwurking te ferlienen en dêrta in kredyt beskikber te stellen fan 450, Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 84