27. Utstel ta it ferlienen fan meiwur- king oan bysûndere skoallen neffens kêst 74 fan de Wet op it Basisûnderwiis yn ferbân mei de ynfiering van it fak Ingelsk. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de ried. Grou, 6 juni 1986. De bestjoeren fan de bysûndere skoallen fan Akkrum, Jirnsum, Tersoal Wergea en Warten hawwe oanfragen yntsjinne om meiwurking foar it oanskaffen fan de nedige learmiddels yn ferban mei de ynfiering fan it fak Ingelsk. Mei yngong fan 1 augustus fan dit jier sil it fak Ingelsk in ferplicht fak wurde op de basisskoalleGuon skoallen hâlde har lykwols al sûnt de ynfiering fan de basisskoalle dwaande mei it fak Ingelsk. Yn it ramt fan "frije aktiviteiten"' is it mooglik dat it Ingelsk ien oere yn'e wike op skoalle jûn wurdt. Der stiet lykwols op dit stuit noch gjin ryksfergoeding foaroer, sadat de kosten út it gewoane kredyt betelle wurde moatte. Dat it fak Ingelsk earst, in jier nei't de basisskoalle ütein set is, in ferplicht fak wurdt, hat te krijen mei it feit dat de measte skoallen harren noch net foldwaande taret hiene op de nije matearje. Ein 1984 waard troch in oantal ynstellings begûn mei it jaan fan in kursus "engels in het basisonderwijs". It wie mooglik, dat foar eltse skoalle heechút 2 learkrêften oan'e kursus meidiene. Neffens in (lânlik) ûndersyk hat sa'n 80 persint fan de basisskoallen it kursusprogram folge. No't dan it Ingelsk takommend skoaljier in ferplicht ünderdiel wurdt fan de basisskoalle-aktiviteiten is it wichtich, dat de skoallen foar dy datum oer de nedige learmiddels beskikke kinne. De investearringsbedragen fan it fak Ingelsk wurde troch it Ryk fergoede oan'e gemeente foar sawol it iepenbier as it bysûnder ûnderwiis. De hichte fan de bedraggen is lykwols noch net bekend. Wol is troch it ministearje de 10-jierlikse fergoeding foar rinte en ôflossing bekend makke. Dêrom pleitsje wy - mei nei oanlieding fan it advys fan de V.N.G. om foar de maksimaal te besteegjen ynvestearringsbedraggen foar it fak Ingelsk, it rapport fan de kommisje Londo as rjochtline te nimmen. Yn dat rapport binne nammentlik wol ynvestearringsbedraggen opnommen

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 85